Holtrop (Eastfrysk Plat: Holttrop>frs&fts=J Oostfräisk Woordenbouk: Holtrop) is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk.

Holtrop leit likernôch 7 kilometer súdeastlik fan Auwerk. It doarp is mei de Kreisstraßen K104 en K134 ferbûn mei de B72 fan Auwerk nei it knoopunt Filsum fan de A28.

Der wenje 1.553 minsken (2022).

Skiednis Holtrop waard foar it earst op 7 septimber 1431 neamd yn in oarkonde fan kleaster Aland oan de Leybocht. De fertsjintwurdiger fan it doarp Holtrop, Wilhelm Mertisna, ûndertekene tegearre mei 19 oare wrâldlike fertsjintwurdigers fan Eastfryske gemeenten yn it súdlike part fan it Auwerkerlân in keapkontrakt mei it kleaster.A. Gronewold, G. Meyer: Die Familien der Kirchengemeinde Holtrop (1634–1900). Utjûn troch it Ostfriesische Landschaft, 1987. De namme ferwiist nei it boskrike gebiet (holt) en betsjut "houtdoarp". It doarp waard yn it ferline Holtdorp neamd, dêr't de "d" yn 'e rin fan 'e tiid weiwurden wie.Houtrouw: Ostfriesland – Eine geschichtlich-ortskundige Wanderung gegen Ende der Fürstenzeit.

Holtrop leit op in geastrêch, dy't troch it midden fan Eastfryslân rint, dêr't in rige doarpen, Holtrop ynbegrepen, yn 'e midsiuwen fan de Hooge Loogen neamd waarden.

Doe't Eastfryslân yn 1464 ta ryksgreefskip ferheft waard, ferparte greve Ulrik Sirksena it greefskip yn ferskate amten. Holtrop hearde ta it amt Auwerk en wie sûnt it sit fan in baljuwskip.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich (1618-1648) waard Holtrop troch troepen fan Mansfeld op in rôfsuchtige manear útknypt. Dêrby waarden seis pleatsen ferwoastge. Om 1660 sloech in pestepidemy ta en in grut part fan de ynwenners ferlearen har libben.

Yn Holtrop wiene tusken 1700 en 1880 ferskate nôtdistillearderijen warber. De Holtorper jenever wie pleastlik tige populêr.

Yn 1818, doe't Eastfryslân part fan it Keninkryk Hannover wie, wie Holtrop it sit fan it amt Holtrop.

Op 1 july 1972 waarden Holtrop en de dielgemeenten Bietzefeld en Holtroperfeld opnommen yn 'e nije gemeente Großefehn.Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart/Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 261.

Tsjerke De evangelysk-lutherske tsjerke fan Holtrop waard yn 'e 13e iuw boud en is ien fan de grutste doarpstsjerken fan Eastfryslân.Genealogie-Forum: Holtrop (memento fan 2 augustus 2012 im Internet Archive) (Webarchiv), oproppen op 5 jannewaris 2019. De rjochthoekige romaanske bakstiennen sealtsjerke ûnderskiedt him benammen it foar in doarpstsjerke ûngebrûklike doksaal foar it eastlike koer, dat it foarste alterpart fan it tsjerkepart skiedt. It is ien fan 'e fiif bewarre bleaune koerstekken yn in Eastfryske tsjerke.Kroesen, Steensma: Kirchen in Ostfriesland. 2011, S. 166. De skeane klokketoer stiet, lykas ornaris foarkomt by Eastfryske tsjerken, apart oan 'e súdkant fan de tsjerke.

Keppeling om utens Webside fan de gemeente Beskriuwing fan Holtrop yn it histoaryske doarpedatabank fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)