De reade fody of Madagaskarfody (Foudia madagascariensis) is in fûgel út it skaai fodys (Foudia) út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Skaaimerken thumb|left|170px|Mantsje yn 'e oergong nei de briedtiid. It likernôch 10 sm lange fûgeltsje weaget tusken 14 en 19 gram. It mantsje is yn 'e briedtiid felread mei swarte rânen om it each. De wjukken en de sturt binne oliifbrún. Wyfkes en net-briedende mantsjes binne ûnopfallend en boppe oliifgrien mei donkerbrune streken en ûnder griisbrún.

Fersprieding Reade fodys komme op Madagaskar foar en binne yntrodusearre op oare eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, dêr't it fûgeltsje fanwegen konkurrinsje in bedriging foarmje kin foar de Mauritsiusfody (Foudia rubra) en de Rodriguesfody (Foudia flavicans). De soarte is algemien yn bosk, op greide en lânbougebieten, mar net yn tichte bosken. Op Madagaskar beskôgje rysboeren it fûgeltsje as in pleach.

De reade fody is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

Hâlden en dragen Bûten it briedseizoen is de reade tody sosjaal. As it briedseizoen tichterby komt wurde der territoaria fan likernôch 30 m trochsnit ôfbeakene en sa briede de fûgels yn losse koloanjes. De fûgels binne monogaam en it mantsje begjint it nêst yn it sintrum fan it territoarium te bouwen, foardat de hofmakkerij begjint. It nêst is bolfoarmich mei in tagong op 'e side.

Read fodys iete foar in grut part sied, benammen gerssied, en ynsekten, mar ek fruit of nektar of wat se tusken ôffal fine.

Status Oannommen wurdt dat de soarte stabyl is en dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC, 2018) klassifisearre.

Kategory:Fody Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Eksoat yn de Komoaren Kategory:Eksoat yn Reünion Kategory:Eksoat yn Sint-Helena Kategory:Eksoat yn de Seysjellen