Felde (Eastfrysk Plat: Fäel>frs&fts=J Oostfräisk Woordenbouk: Felde) is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk, justjes boppe Holtrop. Der wenje 191 minsken (2022).
Skiednis Felde waard foar it earst neamd yn in oarkonde fan it kleaster Aland fan 7 septimber 1431. Dy oarkonde giet oer it bemachtigjen fan grûn fan it kleaster yn de Leybocht, dy't troch 20 riedsleden fan súdlik Auwerkerlân ûndertekene waard. As fertsjintwurdiger fan it doarp, doetiids skreaun as Velde, ûndertekene in Wilham Wybana. Tsjerklik sjoen hearde it boeredoarp ta de karspel Holtrop.
Yn 1866 waard troch Hinrich Reemts Emminga in boppekruier boud. In pear jier letter boude er in sa goed as idintike mûne yn it Amerikaanske Golden (Illinois).Golden Historical Society: The Prairie Mills Windmill, oproppen op 23 april 2018.
Op 1 july waard de doetiidske gemeente Felde part fan de nije gemeente Großefehn.Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart/Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 261.
Yn 2002 waard in fjoerstiennen bile út it neolitikum fûn.Fynstberjochten fan it Ostfriesischen Landschaft yn 2002
Keppeling om utens Webside fan de gemeente Beskriuwing fan Felde yn it histoaryske doarpe databank fan it Ostfriesische Landschaft
Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)