Fodys (Foudia) foarmje in fûgelskaai fan sjongfûgels út 'e famylje weverfûgels (Ploceidae). De soarten yn it skaai wurde likernôch 12 oant 15 sm lang.

De soarten yn it skaai binne lytse fûgeltsjes mei wat rûnige bealchjes en in relatyf koart sturtsje. De snaffel is koart, koanysk en krêftich, gaadlik om sied te iten, mar ek ynsekten. Mantsjes ha yn 'e briedtiid opfallende kleuren mei faak fel read. Wyfkes binne ûnopfallend en grienbrún.

Fodys komme allinnich foar op 'e Maskarenen en Seysjellen, dêr't se yn iepen gebiet, tunen, bosk en boskrânen of sels stêden libje. Lykas oare wevers binne se sosjaal en kinne se grutte groepen foarmje. It nêst is balfoarmich en makke fan gers en planten.

De typesoarte fan it skaai Foudia is de Madagaskarfody (Foudia madagascariensis).

Soarten It skaai kent acht soarten, wêrfan't ien soarte útstoarn is:

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px Reade fody of Madagaskar fody Foudia madagascariensis Madagaskar 200pxstabyl Foudia madagascariensis op BirdLife 120px Komoarenfody of readkopfody Foudia eminentissima Komoaren, Majot, Seysjellen 200pxstabyl Foudia eminentissima op BirdLife 120px Aldabrafody Foudia aldabrana Aldabra 200px25pxFoudia aldabrana op BirdLife 120px boskfody Foudia omissa Madagaskar 200px25pxFoudia omissa op BirdLife 120px Mauritsiusfody Foudia rubra Mauritsius 200pxstabylFoudia omissa op BirdLife Seysjellenfody Foudia sechellarum De Seysjelle-eilannen Cousin, Cousine, Frégate 200px25pxFoudia sechellarum op BirdLife 120px Rodriguesfody Foudia flavicans Mauritsius 200px25pxFoudia flavicans op BirdLife 120px Reünionfody Foudia delloni Reünion 200pxoudia delloni op BirdLife

Kategory:Weverfûgel Kategory:Fûgelskaai