De brûnssturtglânsstaar of brûnsturtglânsprotter (Lamprotornis chalcurus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Beskriuwing Brûnssturtglânsstaren wurde tusken 19,5 en 23 sm grut en weage 63 gram. De fearren fan 'e boppedielen ha irisearjende kleuren. De boppekant mei de kop, nekke en wjukken glânzgje blaugrien mei op 'e skermfearren fiolette punten. Tusken it each en de snaffel is de fûgel swart en by it ear fiolet. De rêch en de romp binne blau oant fiolet. De koarte sturt is fiolet mei brûnsglânzgjende boppesturtdekfearren. Under it kin, oer de kiel en it boarst, de boppeflanken en de ûndersturtdekfearren is de soarte blaugrien. Dêrfoaroer is de búk fiolet. De snaffel en de ûnderflanken binne swart. De iris is gielich oant oranje (by jonge fûgels donker).
Fersprieding De fûgel libbet yn 'e súdlik fan 'e Sahara lizzende lannen. Der binne twa ûndersoarten:
Lamprotornis chalcurus chalcurus: fan Senegal en Gambia oant Nigearia. Lamprotornis chalcurus emini: fan Noard-Kameroen oant westlik Kenia.
De ûndersoarten ûnderskiede harren fral troch in lingte fan 'e wjukken en sturt en de mear blauwe of de mear fiolette romp.
It leefgebiet bestiet út in iepen lânskip mei wat bosk en agrarysk gebiet om doarpen of stêden hinne. Meastentiids is syn habitat it leechlân, mar yn Kenia komt de soarte ek oant 2000 m boppe de seespegel yn heechlân foar.
Hâlden en dragen Brûnssturtglânsprotters ite ynsekten en fruchten fan 'e grûn, somtiden ek yn beammen. Ek wurdt de fûgel somtiden by slachtôffal sjoen.
Bûten de briedtiid is de fûgel sosjaal en komt er yn groepjes, somtiden sels grutte groepen foar, faak mei oare glânsstaarsoarten lykas de Lamprotornis chloropterus en de Lamprotornis chalybaeus.
De briedtiid is ôfhinklik fan 'e regio en leit tusken febrewaris en augustus. De nêsten wurde yn beamholtes of stobben boud en in lechsel bestiet út fjouwer glêde bleekblauwe aaikes, somtiden mei oranjebrune plakjes. It wyfke briedt de aaien allinnich út.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net bekend. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en de fûgel komt algemien foar. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2024) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda