De blauwe langsturtglânsstaar of blauwe langsturtglânsprotter (Lamprotornis purpuropterus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken thumb|left|In langsturtglânsstaar yn Uganda. De likernôch 35 sm grutte fûgel hat donkerblauwe en fiolette glânzgjende fearren. De kop is swart en de eagen binne hiel ljochtgiel oant ivoarkleurich. De snaffel en de poaten binne donkergriis. De fûgel hat in hiele lange sturt yn ferlikening mei oare soarten yn it skaai, dy't subtyl bandearre is.
De juvenilen binne lykas folwoeksen fûgels, mar doffer en de eagen binne wat donkerder.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit yn Sintraal- en East-Afrika. De noardlike grins leit yn Sûdan, de súdlike yn Tanzania en de westlike yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. De fûgel libbet yn bosken, savannes en op kultuerlân fan seenivo oant 2000 m heech.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
Lamprotornis purpuroptera purpuroptera: sintraal en súdlik Etioopje, noardeastlik fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Uganda, Kenia, súdlik Somaalje, Rûanda, Boerûndy en noardlik en westlik Tanzania. Lamprotornis purpuroptera aeneocephalus: súdeastlik Sûdan, Súd-Sûdan, noardwestlik Eritreä en westlik Etioopje.
Hâlden en dragen De fûgel is it meast yn pearkes te sjen, dy't fral op 'e grûn omskarrelje. It sjongen is in lang, kompleks en lûd triljen mei sawol skerpe as sêfte toanen. De fûgel kin de sang fan oare fûgels neidwaan.
Status It ferspriedingsgebiet is grut mar de trend fan 'e soarte is net bekend. Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel soe algemien foarkomme. De Ynternasjonale Uny ta it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de soarte as net bedrige (LC, 2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda