Skiere protters (Spodiopsar) binne in fûgelskaai fan Aziatyske fûgels yn 'e famylje protterfûgels (Sturnidae).
It skaai waard yn 1889 yntrodusearre troch de Ingelske ornitolooch Richard Bowdler Sharpe. De skaainamme kombinearret it Aldgrykske spodios, itjinge "jiskekleurich" betsjut, en psar, dat "protter" betsjut. It binne fûgels út East- en Súdeast-Aazje mei in griiseftich fearrekleed, kombinearre mei donkere en wyteftige dielen. De sturt is relatyf lang en de wjukking binne puntich. De typesoarte is de Spodiopsar sericeus.
Soarten It skaai omfiemet mar twa soarten:
Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Trend 120px Sideprotter Spodiopsar sericeus Súd- en Súdeast-Sina stabylBirdLife International 120px Skiere protter Spodiopsar cineraceus Yndia, Sina, Koreä,Japan, Súdeast-Sibearje ûnbekendBirdLife International
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Protterfûgel