Audun Grønvold (Hamar, 28 febrewaris 1976 - 15 july 2025) wie in Noarsk skyer.

Hy die trije kear mei oan it wrâldkampioenskip alpineskyen, en trije kear it wrâldkampioenskip freestyleskyen en hat yn 2010 ienris meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't hy de brûnzen medalje wûn by de ski cross. Nei de spullen fan 2010 hold Grønvold op mei it skyen op heech nivo.

Audun Grønvold ferstoar op 15 july 2025, yn 'e âldens fan 49 jier, nei't er trije dagen earder troch wjerljocht rekke wie. dagbladet, 16-7-2025, Bronsevinner er død

Kategory:Noarsk skyer Kategory:Persoan berne yn 1976 Kategory:Persoan stoarn yn 2025