De Niasbeo (Gracula robusta) is in tige seldsume en bedrige fûgel út de famylje protterfûgels (Sturnidae). De fûgel waard yn 1887 troch Tommaso Salvadori as nije soarte beskreaun. Guon autoriteiten behannelje de fûgel as in ûndersoarte (Gracula religiosa robusta) fan 'e grutte - of hillige beo (Gracula religiosa).
Skaaimerken De 32 sm lange fûgel is de grutste beo fan it skaai Gracula. De fûgel is glânzgjend swart en ferskilt fierder allinnich troch it folle gruttere plak op 'e wjukken. De soarte stiet bekend om syn poerbêste fermogen te praten.
Fersprieding De fûgel is endemysk op it westlik fan Sumatra lizzende eilân Nias en oanbuorjende lytsere eilannen.
Status It grutste part fan it oarspronklike ferspriedingsgebiet gie ferlern troch de ferneating fan it lânseigen bosk. Ek hat te fûgel slim te lijen hân fan yllegale jacht om 't der in hege priis foar in fûgel betelle waard. By in ûndersyk op it eilân Nias yn 1990 waard gjin ien Niasbeo mear waarnommen.
Neffens BirdLife International binne der mooglik noch twa populaasjes. Fan ien eilânpopulaasje binne twa resintere meldingen en dêr leit de saak komplisearre om 't dêr mooglik fûgels frijlitten binne. In wylde populaasje soe dêr heechút 50 folwoeksen fûgels telle. De soarte is net lang lyn ek noch op in oar eilân oantroffen. Dêr wurdt de Niasbeo goed beskerme, mar de soargen oer streuperij op it eilân binne grut. Der binne lykwols natoerbeskermers oanwêzich om dat risiko te beheinen. De populaasje wurdt dêr op 160 oant 270 folwoeksen fûgels rûsd. Op noch in oar eilân yn it ferspriedingsgebiet is de soarte útstoarn. De fûgel ferdwûn dêr nei 't der wiidweidich fallen set waarden om Shamaklysters (Copsychus malabaricus) te fangen.
De Niasbeo hat de status krityk (CR, 2020) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Beo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje