De Yndyske beo (Gracula indica) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). De fûgel waard earder as in ûndersoarte fan 'e grutte beo (Gracula religiosa) behannele en guon dogge dat noch.

Skaaimerken thumb|left|Op it ôfbyld is goed te sjen dat de giele lellen net op inoar oanslute en de lellen yn 'e nekke in u-foarm ha. De Yndyske beo is in grutte, 23 oant 25 sm swarte protter mei giele fearreleaze lellen op 'e kop en in wyt plak op 'e wjuk. De soarte liket in soad op 'e grutte beo (Gracula religiosa) en wurdt ek faak as ûndersoarte dêrfan behannele, mar hy is lytser en oars as by de grutte beo slút de lel ûnder it each net oan op de lellen yn 'e nekke, dy't yn in u-foarm nei boppe rinne. Op Sry Lanka dielt er syn ferspriedingsgebiet mei de Srylankaanske beo, mar dy lêste is wat lytser, hat in steviger snaffel, is griis oan 'e basis fan 'e snaffel, hat allinnich in keal stik hûd yn 'e nekke en faak in wyt each.

Fersprieding De fûgel komt foar yn it súdwesten fan Yndia (Westlike Ghats) en it suden fan Sry Lanka. It natuerlike biotoop bestiet út tropysk en subtropysk bosk oant in hichte fan 2.220 m. Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, lykwols net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De fûgel ferneart in beskate mjitte fan habitatdegradaasje. Alhoewol't de fûgel yntinsyf bejage wurdt foar de fûgelhannels, is it de minst populêre soarte fan it skaai en liket er de grutste eksessen fan 'e hannel te ûntrinnen. De Ynternasjonale Uny ta Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024).

Kategory:Beo Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka