De Javaanske eksterprotter (Gracupica jalla) is in sjongfûgel yn it skaai eksterprotters (Gracupica) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).
Skaaimerken De Javaanske ekstersprotter wurdt trochstrings 22 sm lang en hat in soad fan 'e Yndiaaske eksterprotter. It fearrekleed is ôfwikseljend swart en wyt en om it each hat er in readoranje fearreleas plak.
Taksonomy De Javaanske eksterprotter waard koartlyn noch as ûndersoarte fan 'e Yndiaaske ekstersprotter (Gracupica contra) beskôge. Doe't út ûndersyk bliken die dat de Yndiaaske ekstersprotter feitlik út trije ferskillende soarten bestie, wie ien dêrfan, de Javaanske eksterprotter, al yn it wyld útstoarn.
Fersprieding Eartiids kaam de soarte yn it suden fan Sumatra, op hiel Java en op Baly foar. Net lang ferlyn wie de fûgel noch ien fan 'e meast algemiene fûgels fan it iepen lânskip. Ek wist de fûgel him oant yn 'e jierren 1990 goed oan 'e feroaringen fan it lânskip oan te passen. Ek yn 'e stêden hiene grutte groepen Javaanske eksterprotters harren sliepplak.
Status De Javaanske eksterprotter is yn in tige koart skoft folslein út it wyld ferdwûn. Om't de soarte earder ta de Gracupica contra mei in folle grutter ferspriedingsgebiet rekkene waard, wie wie der foar syn delgong mar in bytsje omtinken.
Yn 'e lette jierren 1990 soarge de ynlânske fûgelhannel foar it ynstoarten fan 'e wylde populaasjes. De massale fangst soarge der foar dat de soarte yn in pear jier tiid seldsum waard, wylst de fûgel op itselde stuit oeral op Java en Baly yn hûnderttûzenen kouwen te finen wie. In twadde driuwende faktor liket it swiere gebrûk fan pestisiden west te hawwen, de fûgel socht syn iten faak yn agrarysk lânskip en dat wurdt troch ûndersyk ek ûnderskreaun. Alhoewol't de fûgel al tige seldsum wie, waard de beskerming fan 'e soarte yn 2018 ûnder druk fan hannelers yn Yndoneezje foar in lyts skoft weromdraaid en dat hat de fûgel ek net holpen.
Oannommen wurdt dat de wylde populaasjes op Sumatra al earne tusken 1990 en 2000 útstoaren. Yn 2010 wie it grutte ferspriedingsgebiet fan 'e soarte op Java werombrocht ta in lyts gebiet om Jogjakarta hinne en bestie der noch in lytse populaasje op Baly, mooglik ôfkomstich fan ûntsnappingen.
Nei alle gedachten is de soarte hjoed-de-dei yn it wyld útstoarn en oars binne der nog mar in hiel pear wylde, ûntsnapte fûgels oer. Sûnt 2022 is der in fokprogramma gestart bij Cikananga Wildlife Center (CCBC) mei as doel de genetyske diversiteit te behâlden en de fûgel ta te riedem op in mooglike weryntroduksje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Eksterprotter Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje