Albert Goodwin (Maidstone, 17 jannewaris 1845 - Londen, 7 april 1932) wie in Ingelske keunstskilder en akwarellist, benammen bekend troch syn lânskippen. Hy waard beynfloede troch William Turner en de prerafaëliten.

Libben en wurk Goodwin waard berne yn in boufakkershúshâlding mei njoggen bern. Yn it earstoan like der gjin kâns te wêzen om te studearjen, mar fanwegen syn útsûnderlike artistike talint mocht er yn 'e lear gean by de pre-rafaëlyske skilders Arthur Severn en Ford Madox Brown.Doe't er 15 jier wie eksposearre er syn earste wurk oan 'e Royal Academy of Arts. Hy waard in protegé fan 'e ferneamde keunstkritikus John Ruskin, dy't him (tegearre mei de wetterferveskilder Arthur Severn]]) yn 1872 meinam op in reis nei Itaalje. Goodwin bleau letter yn syn libben in soad reizgjen, en skildere ûnder oare yn Yndia, it Midden-Easten en reizge in nei Kanada yn 1890, begelaat troch syn neef en kollega-keunstner Sidney Goodwin. Lavell, Bernard (2006). "Past Members: The Goodwin Family of Artists (Part 2)". Southampton Art Society Quarterly News & Events (47): 7. De measte fan syn wurken spylje har lykwols ôf yn Grut-Brittanje.

Goodwin skildere benammen sfearfolle lânskippen, stedsgesichten, havensênes en seegesichten, soms yn in histoaryske kontekst. Hy wurke benammen yn wetterferve en waard yn 1876 lid fan 'e Royal Watercolour Society. De ynfloed fan William Turner is ûnmiskenber yn syn wurk, sûnder syn prerafaëlityske oplieding hielendal op te jaan. Guon fan syn lettere skilderijen dogge sterk tinken oan Claude Monet. Nei 1900 eksperimintearre er ek mei inket yn wetterferve om de sfearfolle effekten yn syn wurk te ferbetterjen.

Goodwin hie in lange karriêre, en makke mear as 800 skilderijen. Hy ferstoar yn 1932 yn de âlderdom fan 87 jier. Syn wurk is ûnder oaren te sjen by Tate Britain, de Manchester Art Gallery, de Art Gallery of New South Wales, en it San Diego Museum of Art.

Galery

Keppelingen om utens

Visual arts (BBC) Albert Goodwin (The Victorian Web) Visionary Landscapes (Maidstone Museum) Artcyclopedia - Albert Goodwin Chris Beetles (Art Gallery) Tate Gallery Manchester Art Gallery Tyne & Wear Museums database ArtMagick

Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1932