thumb|Stânbyld fan Tetary dat yn 2017 oprjochte waard Janey Tetary, berne as Tetary Begum Janey, (Moniar, Patna (Britsk-Ynje), ± 1856 – Zorg en Hoop (Suriname), 26 septimber 1884) wie in Hindoestaanske kontraktarbeider, opstânslieder en fersetsstrider yn de Nederlânske koloanje Suriname.

Biografy Tetary waard berne yn 1856 yn Moniar, Patna en waard grutbrocht as moslim. Se wie op jonge jierren skieden en wie bekend fan it ferdigenjen fan froulju dy't min behannele wiene troch harren man.

Op 11 septimber 1880 tekene Tetary en har soan Boodhoo fan 10 jier kontrakten yn Yndia om yn it bûtenlân te wurkjen. It kontraktnûmer wie I / 491. Contractnummer I/491 - Janey Tetary. Argivearre op 9 oktober 2021. De yngongsdatum wie 26 novimber 1880 en de rintiid fiif jier. Se wie 24 jier âld, 1,465 meter lang, hie in brune hûdskleur en in swolm boppe har rjochtereach. Op 11 septimber 1880 gie it Ingelske sylskip Ailsa II út Garden Reach út Calcutta wei mei bestimming Paramaribo. Har sosjale karakter die bliken doe't der by de oertocht de mûzels útbriek oan board fan it skip. Tetary stipe har bange mei-migranten, holp by it fersoargjen fan'e siken en twong by de kaptein medyske foarsjenningen ôf foar alle opfarrenden. Kastelein (2020) s.99 Op 26 novimber 1880 kaam de Ailsa II yn Paramaribo oan. Se waarden kontraktearre by plantaazje Zorg en Hoop by de rivier de Commewijne yn Suriname, dat ûnder Nederlânske kontrôle stie.

Yn 1884 late Tetary it kollektive arbeidsferset fan in groep "Hindoestaanske" kontraktarbeiders tsjin eksploitaasje, neidat planters in petysje yntsjinne hiene by it koloniale bestjoer om strafferoarderings te feroarjen. Se protestearren ek tsjin de lege leanen en drege taken dy't se krigen op 'e sûkerplantaazje. Doe't it leger en de plysje oproppen waarden om harren opstân del te slaan, mobilisearre se froulju om te fjochtsjen bewapene mei stiennen en flessen dy't se sammele hiene.

Sy waard fermoarde troch plysjes, nei alle gedachten op advys fan 'e koloniale amtner Barnet Lyon, en stoar op 26 septimber 1884 troch in skot yn har efterholle fan tichteby. Seis oare kontraktarbeiders waarden ek deadien.

Stânbyld foar Janey Tetary Op 24 septimber 2017 is yn Paramaribo in byld fan Janey Tetary ûntbleate. It stiet tsjinoer it eardere gebou fan it Ymmigraazjedepartemint. It byld is makke troch de keunstner George Ramjiawansingh. It toant Tetary op it stuit fan de striid op de plantaazje. Yn'e hân omheech hat se de hals fan in flesse of krûk fêst, klear om te smiten. Op it plak fan it byld fan Janey Tetary stie earder it boarstbyld fan Barnet Lyon. Dat byld is op 16 septimber 2017 fuorthelle en stiet no yn de tún fan it depot fan it Surinaamsk Museum. De ferfanging fan it boarstbyld fan in koloniale bestjoerder troch it byld fan in deasketten opstannige kontraktarbeider is ta stân kaam troch de ynspannings fan de Kulturele Uny Suriname.

Kategory:Surinaamsk opstanneling Kategory:Surinaamsk-Hindoestaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1856 Kategory:Persoan stoarn yn 1884