José Luis Sánchez del Río (28 maart 1913 - 10 febrewaris 1928) wie in jonge Meksikaanske cristero, dy't troch oerheidsamtners fermoarde waard om't er wegere syn katolike leauwe ôf te swarren. Hy krige de bynamme "Joselito".
Hy waard op 22 juny 2004 troch paus Jehannes Paulus II earbiedwurdich ferklearre. Op 20 novimber 2005 ferklearre paus Benediktus XVI him sillich en paus Fransiskus karde yn 2016 in oan him taskreaun wûnder goed en ferklearre José Luis Sánchez del Río dêrnei op 16 oktober 2016 hillich.
Eftergrûn thumb|left|Cristerolieders en harren banier. De frijmitselder president Plutarco Elías Calles waard yn 1924 presidint fan Meksiko en sette útein mei in anty-klerikale kampanje tsjin de Roomsk-Katolike Tsjerke. Eigendommen waarden yn beslach nommen, religieuze skoallen en kleasters moasten de doarren slute, de tsjerkeklokken moasten swije, preesters en biskoppen waarden eksekutearre of ferballe en de Roomsk-Katolike Tsjerke waard ûnder in strikte kontrôle fan 'e oerheid set.
It konflikt mei de Tsjerke late yn 1926 ta ferset ûnder de befolking, dat de namme La Cristiada krige. De slimme ûnderdrukking fan dat ferset en de repressailles fan it regear feroarsake in grutte en bluodderige opstân yn it lân, dy't oant 1929 duorre.Historiek: Religieuze geschiedenisZuid-Amerika Heilige oorlog in Mexico, 27 desimber 2024.
Libben José Luis Sánchez del Río waar op 28 maart 1913 berne yn Sahuayo yn 'e steat Michoacán de Ocampo. Ynearsten besocht er de skoalle yn syn berteplak en dêrnei yn Guadalajara yn Jalisco. José wie tsjûge fan 'e wreedheden fan it regear en hy woe lykas twa fan syn trije bruorren mei it útbrekken fan 'e Cristero-kriich yn 1926 meifjochtsje tsjin it regear, mar syn mem woe dat net leie. Yn 'e simmer fan 1927 gyng José tegearre mei in maat, Juan Flores Espinosa, nei it Cirsterokamp, mar de rebellegeneraal Prudencio Mendoza Alcazar wegere him yn tsjinst te nimmen. De jongen bleau lykwols folhâlden en lang om let mocht er fan 'e generaal in feandeldrager wurde. De Cristero's joegen him bynamme Tarsisius, nei de ierkristlike hillige dy't de martlerdea stoar om 't er de eucharisty tsjin ûnthilliging beskerme.
By in swiere striid op 25 jannewaris 1928 waard it hynder fan in Cristero mei de namme Mendoza deade. Der wie krekt earder befel jûn om harren werom te lûken doe't it hynder deasketten waard en José joech doe syn hynder oan 'e man, sadat dy flechtsje koe. José wie noch jong en tocht dat him wat minder gau wat oerkomme koe as in folwoeksen soldaat en socht dekking, mar de troepen fan it regear fûnen him en smieten him yn 'e finzenis fan Cotija.
Ferskillende kearen waard besocht José fan syn leauwen ôf te krijen. Om him te brekken waard José bygelyks twongen om te sjen hoe't se Severiano Márquez, in oare Cristero, ophongen. Mar José liet him net fan it sintrum bringe en bleau oan syn leauwe fêsthâlden. Rafael Picazo, de peetomke fan José, wie in slûchslim boargemaster fan Sahuayo dy't mei it rezjym gearspande en besocht José oer te heljen om yn it leger te gean. Troch de wurden út "Kristus is dea" te sprekken koe er him it libben rêde, mar José wiisde sokke útstellen ôf en rôp steefêst ¡Viva Cristo Rey! ("Kristus-Kening libbet"). Syn heit besocht him noch te rêden troch losjild yn te sammeljen, mar it wie net genôch foar it regear om José frij te krijen.
Op 7 febrewaris waard José mei Lorenzo, in oare finzene, oerbrocht nei de katolike tsjerke fan Sahuayo, dêr't José doopt wie. De troepen fan it regear hiene de tsjerke feroare yn in hynstestâl dêr't ek foarrieden opslein waarden. It alter wie fernield en waard brûkt om fjoer mei te stoken en yn 'e ûntwijde tsjerke holden soldaten hoannegefjochten. Dêr waard José opsletten yn 'e doopkapel.
Martlersdea Oant it lêst ta bleau José ûnder bedriging mei de dea wegerjen om it katolike leauwe ôf te swarren. Yn 'e finzenis bea José alle dagen de roazekrâns en hy skreau in emosjonele brief nei syn mem. Dêryn sei er dat er klear wie om de wil fan God te folgjen oan wa't er him tawijd hie.
Op 10 febrewaris naam Picazo it beslút om syn petebern te eksekutearjen. It befel waard om seis oere jûn en de eksekúsje soe om 08:30 plakfine. José mocht in lêste brief oan 'e famylje skriuwe en syn muoike Magdalena brocht him flak foar de eksekúsje iten. In preester hie yn it iten it Alderhillichste Sakramint ferstoppe en sa krige José foar de lêste kear de Hillige Kommuny.
José waard noch slim martele foardat er op 10 febrewaris 1928 nei it eksekúsjeplak brocht waard. Sa waarden de soalen fan 'e fuotten fan José mei in mes bewurke. Yn 'e moarntiid twongen se him mei bliedzjende fuotten troch de stêd te rinnen nei it begraafplak. Alhoewol't er skriemde fan 'e pine joech José noch jimmeroan gjin belies. De soldaten bleaune ûnderweis somtiden stean om him de gek oan te stekken. Ek besochten se him nochris fan it leauwen ôf te krijen troch him te ferlieden dat se him sparje soene as er "Dea oan Kristus Kening" sizze soe, mar José antwurde dat er nea opjaan soe en slute dat steefêst ôf mei de wurden ¡Viva Cristo Rey!.
By syn grêf begûn de soldaten mei de bajonetten op him yn te stekken. José wie dus net yn ien kear dea. Op't lêst kaam de ofsier nei him ta om him te freegjen oft er noch in boadskip nei syn heit sjoere woe. José andere "Wy sille inoar yn 'e himmel sjen. Lang libbet Kristus-Kening, Lang libbet Us leaffrou fan Gûadelûp". De ofsier stelde foar himself fêst dat José in fanatikus wie en joech him op dat stuit in genedeskot.
Grêf thumb|left|It lichem fan José Sánchez del Río. Oant 1945 bleau de martler yn it grêf lizzen. Nei't pater Miguel Serrato de lokale tsjerke fan it Hillich Hert renovearre hie, waarden de resten fan José nei de tsjerke brocht, dêr't ek oare Cristeromartlers byset binne. Lang om let waarden de resten fan José yn 1996 nei de parochytsjerke brocht dêr't er finzen siet. Dêr krigen de reliken in plak yn in houten skryn yn 'e doopkapel.
Feestdei Syn feestdei is 10 febrewaris, de dei dat er ferstoar.
Media Yn 2023 waard de film "Mirando al Cielo" útbrocht. De film toant it ferhaal fan leauwe en moed fan José yn 'e tiid fan 'e religieuze ferfolging yn Meksiko.
Kategory:Meksikaansk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 1928 Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is