De katedraal fan Amalfi (Italjaansk: Cattedrale di Sant'Andrea of Duomo di Amalfi) is in 9e-iuwske tsjerke yn 'e Italjaanske stêd Amalfi, 62 km súdeast fan Napels. De katedraal is wijd oan 'e apostel Andréas. Sûnt 1986 is de tsjerke de sit fan it aartsbisdom Amalfi-Cava de’ Tirreni.
De tsjerke is ferskillende kearen ferboud en feroare, sadat hjoed-de-dei de tsjerke romaanske, goatyske, barokke en rokoko ynfloeden fertsjintwurdiget. Underdiel fan it kompleks is de basilyk dêr't Sint-Andréas begroeven is.
Skiednis De earste tsjerke, no it biskoplik museum, waard yn 'e 9e iuw op 'e ruïnes fan in eardere timpel boud. In twadde tsjerke waard yn 'e 10e iuw súdlik dêrfan boud en dat is no de katedraal. Yn 'e 12e iuw foarmen de twa tsjerken in romaansk seisskippich tsjerkegebou, yn 'e 13e iuw werombrocht ta fiif skippen om plak te meitsjen foar it yn 'e Arabysk-Normandyske styl boude Paradyskleaster.
Yn 1206 waarden yn 'e tiid fan 'e Fjirde Krústocht de reliken fan Andréas bút makke en troch kardinaal Pietro Capuano nei Amalfi brocht. Twa jier letter wie de krypt klear en koene de reliken nei de tsjerke brocht wurde. thumb|left|Ynterieur. Foar de âlde tsjerke waard tusken de 12e en 13e iuw de klokketoer boud. De bekroaning fan 'e tsjerke is fersierd mei moarmer en majolika yn 'e Arabysk-Normandyske styl. De kapellen fan 'e tsjerke binne ôfwikseljen goatysk en renêssânse, mei in skip yn 'e 18e-iuwske barokstyl.
Yn 1861 stoarte in part fan 'e gevel yn, wêrtroch't it atrium skansearre rekke. De hiele foargevel waard dêrnei yn in ryk fersierde styl werboud neffens in op 'e Italjaanske gotyk ynspirearre ûntwerp fan Errico Alvino. De gevel is te fergelykjen mei de eardere gevel, mar riker fersierd. De foltôging wie yn 1891.
Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Bouwurk út de 9e iuw Kategory:Bouwurk út de 10e iuw Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje