Amalfi is in lytse stêd oan 'e Amalfikust yn 'e provinsje Salerno en 'e regio Kampaanje fan Itaalje. It is in lyts toeristysk plak mei likernôch 4.600 ynwenners. It plak stiet op 'e UNESCO Wrâlderfgoedlist.
Skiednis Amalfi waard yn it jier 339 stifte as in hannelspost.
Yn 'e Hege Midsiuwen wie it in stedsteat, de Republyk Amalfi, en ien fan 'e acht maritime republiken. Dat makke it ien fan 'e wichtichste hannelssintra oan 'e Middellânske See. Yn 'e 11e iuw waard hjir de Tabula Amalphitana opsteld, wêryn't it seerjocht fêstlein waard. Dy wetten bleaunen oant de 16e iuw fan tapassing. Iuwenlang profitearre Amalfi ek fan it bloeiende ambacht fan papierproduksje, dat bambagina hjit.
Geografy Amalfi leit op in skiereilân oan 'e westlike kust fan Itaalje, himelsbreed likernôch 15 kilometer westlik fan Salerno en goed 40 kilometer súdlik fan Napels. De provinsje wêryn't de stêd leit is fruchtber en ferneamd om 'e produksje fan sitroenen en de limoncello-likeur dy't dêrfan makke wurdt. De stêd wurdt omfieme troch steile berchhellingen.
It besjen wurdich Duomo di Amalfi
Ferfier Amalfi is berikber fanút Napels oer de A3 en de SP1, en fanút Salerno oer de A3 en de SS163. Fan 'e lofthavens is de ynternasjonale loft haven fan Napels it meast deunby.
Kategory:Plak yn Kampaanje Kategory:Gemeente yn Kampaanje Kategory:Plak stifte yn 339