Jan-Carl Raspe (Seefeld, Eastenryk, 24 july 1944 - Stuttgart, 18 oktober 1977) wie in Dútske terrorist, oansletten by de lofts-ekstremistyske terreurgroep Rote Armee Fraktion (RAF)
Libbensrin Jan-Carl Raspe groeide op yn East-Berlyn. Doe't de Berlynske Muorre yn 1961 boud waard, wie er yn West-Berlyn. Hy bleau hjir by syn omke en muoike wenjen. Yn 1963 helle er syn middelbereskoallediploma en studearre skiekunde oan de Frije Universiteit fan Berlyn. In jier letter stapte er oer op sosjology en studearre dêryn cum laude ôf.
Yn 1967 wie hy mei-oprjochter fan de Kommune II; hjir learde hy ek Marianne Herzog kennen, in freondinne fan Ulrike Meinhof. Yn dizze tiid wurket er ek as ferslachjouwer en docht ferslach fan de besite fan de Amerikaanske vice-presidint Hubert Humphrey oan West-Berlyn, en in mislearre ludike oanslach op him. Fierder hâldt it ferset tsjin de Needwetten him dwaande, en demonstrearret er tsjin de besite fan de sjah fan Perzië, wêrby't de studint Benno Ohnesorg deasketten wurdt troch de plysje. Yn 1969 stapt er út Kommune II en lûkt konklúzjes út dit, neffens him, minsklik opsicht positive mar troch politike isolaasje mislearre eksperimint.
Earne ein 1970 sluet er him oan by de "Rote Armee Fraktion". Yn de simmer 1972 waard Raspe, tegearre mei Andreas Baader en Holger Meins troch de plysje yn Frankfurt am Main oppakt. Hy waard ta libbenslang feroardiele foar syn belutsenens by in rige bomoanslaggen dy't oan fjouwer minsken it libben koste. Ek waard er fertocht fan in bankoerfal en fan in ynbraak yn in gemeentehûs om dokuminten te stellen.
Op 18 oktober 1977 ferstoar Raspe yn syn sel oan de gefolgen fan in skotwûn. Dyselde moarns waarden ek Ensslin en Baader dea yn harren sellen oantroffen. Irmgard Möller, in fjirde RAF-lid, waard swier ferwûne fûn mei in stekwûn. Yn de moannen foarôfgeand oan Raspe syn dea besocht de saneamde twadde generaasje fan de RAF mei ferskate gewelddiedige aksjes de Dútske steat te twingen om Raspe en de oare finzen RAF-leden frij te litten, ûnder oare troch de ûntfiering fan wurkjouwersfoarsitter Hanns Martin Schleyer. Ien dei nei it ferstjerren fan de trije finzen RAF-leden waard it lichem fan Schleyer fûn.
Kategory:Rote Armee Fraktion Kategory:Dútsk terrorist Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 1977