De katedraal fan Brindisi (Italjaansk: Basilica Cattedrale de Giovanni Battista di Brindisi) stiet yn 'e stêd Brindisi yn 'e regio Apûlje yn it súdeasten fan Itaalje. It is de katedraal fan it roomske aartbisdom Brindisi-Ostuni. De katedraal hat de status fan in basilyk en wie eartiids it fertrekpunt foar de reis nei it Hillige Lân.

Skiednis De katedraal datearret út de tiid fan 'e Normandyske oermastering fan Súd-Itaalje en waard troch paus Urbanus II ynwijd yn 1089 en foltôge yn 1143. Yn 'e tsjerke troude Rogier III fan Sisylje yn 1192 mei de Byzantynske prinsesse Irena Angela. Keizer Freark II troude hjir ek yn 1225 mei Jolanda fan Jeruzalim.

Op 20 febrewaris 1743 ferneatige in swiere ierdskodding de katedraal folslein. De werbou fûn yn 1746 plak yn 'e barokstyl neffens it ûntwerp fan 'e arsjitekt Mauro Mainieri. Fan 'e romaanske bou bleau it grûnplan bewarre.

Sûnt dy tiid is de katedraal ferskate kearen restaurearre sûnder de bou te feroarjen. Op 10 july 1867 krige de tsjerke fan paus Pius IX de status fan basilyk. Op 15 juny 2008 besocht paus Benediktus XVI de katedraal, dy't dêr prate mei geastliken, diakenen en seminaristen fan it aartsbisdom Brindisi-Ostuni.

Arsjitektuer De plattegrûn is basearre op dy fan 'e Basilyk fan Sint-Nikolaas yn Bari, in trijeskippige romaanske tsjerke sûnder dwersskip. De gevel hat in sintraal portaal en is opboud mei pilasters. De grutte stiennen bylden op 'e gevel binne fan 2007. Oan 'e lofterkant is in klokketoer út 1795. Oanbuorjend stiet it biskoplike paleis en it seminaarje, dat mei gebrûk fan stiennen fan 'e ferneatige basilyk waard boud.

Ynterieur thumb|left|Oersjoch. Patroanhillige fan Brindisi is Teodoarus Tiro en syn reliken wurde mei dy fan Laurentius fan Rome yn 'e oan him wijde kapel bewarre. Yn 'e tsjerke binne fragminten fan 'e mozaykflier út 1178 bewarre bleaun. De koerbanken en it doopfont binne 16e-iuwsk. Fierder binne der in oantal 18e-iuwske skilderijen.

Oargel Yn 'e katedraal stiet in oargel út de jierren 1970, dat troch de firma Fratelli Ruffatti út Padûa boud waard.

Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Basilyk yn Itaalje Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje Kategory:Bouwurk út de 11e iuw