Hanna Elise Krabbe (Bad Bentheim, 31 maaie 1950) is in Dútsk terroriste. Sy wie lid fan de saneamde twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion (RAF). Se is de suster fan Friederike Krabbe, in Dútske terroriste en earder lid fan de RAF dy't noch altyd op 'e flecht is.
Libbensrin Hanna Krabbe groeide tegearre mei har suster op yn Bad Bentheim en besocht it gymnasium yn Nordhorn. Har âlden wiene begoedige tekstylfabrikanten en, yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme, útsprutsen nazy-funksjonarissen. Har heit wie lieder fan de Hitlerjugend yn it Greefskip Bentheim, har mem liedster fan de NS-Frauenbund.
Krabbe begûn oan in stúdzje psychology en waard lid fan it "Sozialistischen Patientenkollektiv" (SPK) dat yn de striid tsjin de artseklasse in klasseleaze maatskippij skeppe woe en dêrby it brûken fan geweld net útsleat. Nei't dizze organisaasje der mei ophold sleat Krabbe har, krekt as har suster foar har, mei ferskate oare SPK-leden oan by de RAF. Har jongere suster, Friederike, gie letter deselde wei.
Krabbe wie lid fan de RAF-groep "Kommando Holger Meins". Op 24 april 1975 oerfoel en besette de groep de Dútske ambassade yn Stockholm. By de dêrop folgjende gizeling waarden militêr attaché Andreas von Mirbach en ekonomysk attaché Heinz Hillegaart deasketten. Nei't de bom fan de gizelnimmers ûntploft wie, bestoarme de Sweedske plysje de ambassade. Hanna Krabbe waard feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf. Nei 21 jier krige se graasje en waard yn 1996 frijlitten.
Kategory:Rote Armee Fraktion Kategory:Dútsk terrorist Kategory:Persoan berne yn 1945