De swarte skoet (Cepphus grylle) is in fûgel fan 'e kusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan út de famylke alkfûgels (Alcidae).

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn winterkleed. Swarte seeskoeten binne 32 oant 38 sm lange seefûgels en se ha in spanwiidte fan 52 oant 58 sm. It briedkleed is hielendal swart mei in wyt plak op 'e wjukken en fierder hat er as de oaren fan it skaai helder reade poatsjes. Yn 'e winter sjocht de fûgel der hiel oars út en is er wyteftich fan ûnder mei bûnte boppedielen en swarte wjukpunten. Der binne gjin ferskillen tusken mantsjes en wyfkes.

Fersprieding De soarte wurdt ferdield yn fiif ûndersoarten, dy't harren ûnderskiede troch lytse morfologyske ferskillen, lykas de lingte fan 'e wjuk, de lingte fan 'e snaffel en de hoemannichte wyt op 'e wjukken.

Cepphus grylle mandtii: fan noardeastik Kanada en Spitsbergen oant noardlik Sibearje en noardlik Alaska. Cepphus grylle arcticus: fan 'e noardeastlike Feriene Steaten, súdeastlik Kanada en súdlik Grienlân oant de Britske Eilannen, súdlik Skandinaavje en de Wite See. Cepphus grylle islandicus: Yslân. Cepphus grylle faeroeensis: de Fêreu-eilannen. Cepphus grylle grylle: de Eastsee.

De soarte is faak yn ûndjip kustwetter te sjen. De ûndersoarte Cepphus grylle atlantis wurdt ûnregelmjittich oan 'e Noardseekust fan Belgje en Nederlân en ek wol oan 'e Eastseekusten oantroffen. De nominaatfoarm Cepphus grylle grylle is in regelmjittige dwaalgast oan 'e Eastseekust fan Poalen en Dútslân.

Hâlden en dragen thumb|left|Fûgel mei proai. De soarte jaget op fisk en wringeleazen. it nêst wurdt boud yn in holte of spjalt yn in klif op by rotsen.

Status In rûzing fan 2012 gyng út fan in populaasje fan 400.000 oant 1.499.999 fûgels. De trend fan 'e soarte is net bekend. Yn Sweden is de soarte foars ôfnommen troch predaasje fan nertsen. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2018).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seeskoet Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee