Christian Georg Alfred Klar (Freiburg im Breisgau, 20 maaie 1952) is in Dútsk terrorist. Hy wie lid fan de saneamde twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion (RAF).
Libbensrin Klar wie de soan fan in learaar. Hy gie nei skoalle yn Lörrach, en besocht it gymnasium oant 1972 yn Ettlingen. Hy studearre dernei filosofy en skiednis yn Heidelberch en wie yn koarte tiid lid fan'e liberaal-demokratyske jeugdôfdieling.
Yn 1973 ferhuze hy mei syn freondinne nei in flat yn Karlsruhe tegearre mei Adelheid Schulz, Günter Sonnenberg en Knut Folkerts (allegear RAF-aktivisten). Yn 1974 die er mei oan de besetting fan it kantoar fan Amnesty International yn Hamburch as protest tsjin de omstannichheden dêr't de RAF-leden ûnder finzen hâlden waarden.
Om 1976 hinne kaam Klar by de RAF en waard al gau in foaroansteand lid fan de twadde generaasje. Yn novimber 1982 waard er oppakt yn in wapendepot yn Friedrichsruhe, lykas syn meistrider Brigitte Mohnhaupt. Hy waard meiferantwurdlik hâlden foar alle wichtige RAF-misdieden fan 1977 ôf. Dy omfetsje:
Besykjen ta moard op de Switserske grinsbewekking en in automobilist yn Riehen (jannewaris 1977). De moard op Siegfried Buback (april 1977). De moard op Jürgen Ponto (july 1977). It besykjen ta in raketoanfal op de kantoaren fan de prokureur-generaal fan Dútslân (augustus 1977). It ûntfieren en fermoardzjen fan Hanns Martin Schleyer (septimber-oktober 1977). In oerfal op in bank yn Zürich en besykjen ta moard op in plysjeman (novimber 1979). In besykjen ta moard op de Amerikaanske generaal Frederick Kroesen mei in RPG-7 antytankwapen (septimber 1981)
Yn 1985 waard Klar feroardiele ta fiif kear libbenslang fanwegen njoggen moarden. Yn 2008 waard er frijlitten. Klar siet it langste finzen fan alle RAF-leden.
Kategory:Rote Armee Fraktion Kategory:Dútsk terrorist Kategory:Persoan berne yn 1952