Friederike Charlotte Wilhelmine Krabbe (Bad Bentheim, 31 maaie 1950) is in Dútsk terroriste. Sy wie lid fan de saneamde twadde generaasje fan de Rote Armee Fraktion (RAF). Se wurdt as sadanich noch hieltyd socht troch de Dútske plysje. Se is de suster fan Hanna Krabbe, in feroardielde eardere Dútske terroriste en earder lid fan de RAF.
Libbensrin Friederike Krabbe groeide tegearre mei har suster op yn Bad Bentheim en besocht it gymnasium yn Nordhorn. Har âlden wiene begoedige tekstylfabrikanten en, yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme, útsprutsen nazy-funksjonarissen. Har heit wie lieder fan de Hitlerjugend yn it Greefskip Bentheim, har mem liedster fan de NS-Frauenbund.
Krabbe studearre fan 1970 oant 1973 yn Berlyn en Heidelberch psychology, pedagogy en sosjology en fan 1973 oant 1976 medisinen. Hja makke gjin inkelde stúdzje ôf. Nei har stúdzje yn Heidelberch sleat se har dêr oan by it "Sozialistischen Patientenkollektiv" (SPK) dat yn de striid tsjin de artseklasse in klasseleaze maatskippij skeppe woe en dêrby it brûken fan geweld net útsleat. Nei't dizze organisaasje der mei ophold sleat Krabbe har, krekt as har suster foar har, mei ferskate oare SPK-leden oan by de RAF.
Foar de ûntfiering fan de foarsitter fan it Dútske wurkjouwersbûn, Hanns Martin Schleyer, hierde se yn july 1977 ûnder in falske namme de wenning oan de Stevinstraat yn Skeveningen dêr't Schleyer letter yn ferburgen holden waard. Wilens de ûntfiering sels soe se har mei oare RAF-leden yn de Baden Powellstraat yn Amsterdam ta holden ha. Koart foar it deasjitten fan Schleyer flechte se lykas oare RAF-leden, nei Irak.
Monika von Seckendorff tsjûge op 26 oktober 1997 yn de rjochtsaak tsjin de fermoedlike RAF-sympatisante Monika Haas, dat se nei de ûntfiering fan Schleyer tegearre mei Friederike Krabbe en Elisabeth von Dyck yn in lyts hûs yn Bagdad wenne hat.
Ein santiger jierren soe Krabbe har oansletten hawwe by de terroristyske 15 maaie Organisaasje om de Palestynske bomspesjalist Muhammad al-Umari (striidnamme: Abu Ibrahim) hinne, in groepearring dy't nei de dea fan Wadi Haddad út syn Folksfront foar de Befrijing fan Palestina - Eksterne operaasjes fuortkommen wie, in ôfsplitsing fan de Folksfront foar de Befrijing fan Palestina. Oant koart foar de Irakoarloch yn 2003 soe Krabbe yn Bagdad ferbleaun hawwe. Tocht wurdt dat Krabbe tsjintwurdich yn Libanon wennet.
Kategory:Rote Armee Fraktion Kategory:Dútsk terrorist Kategory:Persoan berne yn 1950