Ulrike Marie Meinhof (Aldenburch, 7 oktober 1934 - Stuttgart, 9 maaie 1976) wie in Dútsk sjoernaliste en terroriste. Yn 1970 wy sy ien fan de oprjochters fan de lofts-ekstremistyske terreurgroep Rote Armee Fraktion (RAF).
Libbensrin Ulrike Meinhof waard berne op 7 oktober 1934. Har heit Werner Meinhof wie keunsthistoarikus en har mem wie histoarika. Har heit ferstoar yn 1940 oan kanker. Nei't yn 1949 ek har mem Ingeborg oan kanker ferstoarn wie, krigen Ulrike en har âldere suster Wienke, Renate Riemeck, in âlde stúdzjefreondinne fan har mem dy't in skoft by har yn wenne hie, as fâd.
Yn 1955 koe Ulrike mei tank oan in stúdzjebeurs filosofy, pedagogyk, sosjology en germanistyk studearje yn Marburg. It folgjende akademyjier gie se nei Munster dêr't se aktyf waard binnen de Sozialistische Deutsche Studentenbund (SDS) en der yn 1957 wurdfierder waard foar de kommisje anty-atoomdeaden. Fan 1959 oant 1969 skreau se foar it loftse blêd "Konkret" en wie der fan 1962 oant 1964 haadredakteur. Yn 1961 boaske se mei Klaus Rainer Röhl, de útjouwer fan "Konkret", mei wa't se yn 1962 in twilling krige. Ein 1967 rûn it houlik op 'e non.
Nei de moardpoging op 11 april 1968 op Rudi Dutschke waard Meinhof hieltyd radikaler en hieltyd minder ree kompromissen te sluten. Op 2 april wie brân stichte yn twa warehuzen yn Frankfurt am Main. By it proses tsjin de brânstichters learde Meinhof de oankleien Thorwald Proll, Horst Söhnlein en de lettere RAF-oprjochters Andreas Baader en Gudrun Ensslin kennen. Yn har kollum yn "Konkret" skreau se: "De wet dy't troch brânstichting oertrêden wurdt, beskermet net de minske, mar it eigendom." Dêrmei wurke se mei oan in opfetting dy't yn de hjerst fan 1968 populêr waard yn de rûnten fan de Ausser-Parlamindaryske Opposition (apo), te witten: dat geweld tsjin persoanen net tastien wie, mar tsjin saken al.
Yn 1970 produsearre Meinhof de telefyzjefilm "Bambule", dêr't se ek it senario foar skreau. Dit senario waard in jier letter yn boekfoarm útjûn, ûnder de titel "Bambule. Fürsorge – Sorge für wen?" It boek waard al gau in klassiker yn de literatuer oer de opfiedingsprinsipen fan de 1960-er jierren.
Op 14 maaie 1970 die se mei oan de earste wapene aksje fan de RAF, Meinhof en trije oare froulju (wêrûnder Gudrun Ensslin) en in ûnbekend bleaune man befrijden Baader út in finzenis biblioteek, dêr't er sûnder hânboeien wat ûndersyk dwaan mocht. Ien personielslid waard delsketten en in oar rekke slimferwûne. Konsekwinsje fan Meinhofs belutsenheid by dizze aksje wie dat sy per direkt har twa bern efterlitte moast. Dêrnei partisipearre se yn bankoferfallen en bomoanslaggen oant se yn de jûn fan 15 juny 1972 oppakt waard yn Langenhagen. Dêr soe se oernachtsje yn it appartemint fan Fritz Rodewald, in learaar dy't yndertiid desertearre Amerikaanske soldaten ûnderdak joech. Hy hie Meinhof dy middei by de plysje oanjûn.
Op 29 novimber 1974 waard Meinhof feroardiele ta acht jier finzenisstraf. Se waard op 9 maaie 1976 dea fûn yn de finzenis. Neffens offisjele boarnen hie se har ophongen, mar omstannichheden oangeande har dea litte lykwols romte foar alderhande spekulaasjes.
Kategory:Rote Armee Fraktion Kategory:Dútsk terrorist Kategory:Dútsk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 1976