De Siameeske eksterprotter (Gracupica floweri) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Taksonomy De fûgel waard yn 1897 troch Richard Bowdler Sharpe as in soarte mei de namme Sturnopastor floweri beskreaun, in earbetoan oan Stanley S. Flower, de doetiidske direkteur fan it museum yn Bangkok. Letter waard de fûgel as ûndersoarte fan 'e Yndiaaske eksterprotter behannele, mar sûnt 2021 wurdt de fûgel wer troch it International Ornithological Congress erkend as in aparte soarte.

Skaaimerken De Siameeske eksterprotter hat in swart boarst en swarte boppedielen mei in wite búk, stút en skouderstreek. Ek hat er in wyt plak op it wang. De snaffel is puntich en gieleftich mei in oranje basis.

Siameeske eksterprotters ha in soad fan Yndiaaske eksterprotters, mar ha mear wyt yn 'e foarm fan streken op 'e foarkant fan 'e kroan. De keale readoranje hûd om it each is grutter as by de Yndiaaske eksterprotter, mar net sa grut as by de Javaanske eksterprotter.

Fersprieding De fûgel komt foar fan súdlik en eastlik Birma en súdlik Sina oant Tailân, Laos en Kambodja. Se wurde yn iepen lânskip, op rysfjilden, by strewellen en yn tunen waarnommen. De fûgel is yn Singapoer yntrodusearre, mar der binne gjin briedgefallen bekend.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar it wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne, mar net sa rap om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer klassifisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2022).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Eksterprotter Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Eksoat yn Singapoer