De keningsglânsstaar of keningsglânsprotter (Lamprotornis regius) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). Earder waard de keningsglânsstaar yn it skaai Cosmophsarus yndield, mar út DNA-ûndersyk hat bliken dien dat er diel útmakket fan Lamprotornis.
Skaaimerken De 35 sm lange keningsglânsstaar is boppe glânzgjend blaugrien, it boarst is fiolet en de búk goudgiel.
Fersprieding De fûgel is in stânfûgel op savannes en net tichte bosken yn Somaalje, Etioopje, East-Kenia en Noardeast-Tanzania foar. De keningsglânsstaar wurdt as monotypysk beskôge, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen Keningsglânsstaren ite oars as oare glânsstaren hast allinnich ynsekten, dy't er op 'e grûn of fleanend fangt, oanfolle mei slakken, spinnen, kreefteftigen, lytse wringeleazen of hagediskes. Se libje yn lytse groepen fan trije oant tsien fûgels, dy't inoar ek by it bouwen fan it nêst en it fuorjen fan 'e jongen helpe. It nêst wurdt yn beamholtes of âlde spjochtenêsten boud en in lechsel bestiet út trije oant fiif ljocht blaugriene aaien mei readbrune plakjes.
Status De soarte hat de status net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN. Dat betsjut dat de soarte op it stuit gjin grut risiko op útstjerren rint. De populaasje wurdt beskôge as stabyl, en der wurdt gjin grutte of rappe ôfname yn 'e oantallen waarnommen.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania