De Schwanenkirche (Frysk: Swannetsjerke) is in roomsk-katolike beafeartstsjerke yn Roes, in doarp yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Skiednis thumb|left|170px|Genedebyld. De tsjerke waard yn 1473 as in trijeskippige halletsjerke boud en yn 1944 folslein ferneatige by in alliearde loftoanfal. De oarspronklike tsjerke waard yn opdracht fan 'e hearen fan Pirmont en Erenberg boud. Yn it netferwulft stieten slútstiennen mei de wapens fan 'e aadlike famyljes dy't oan 'e bou meidienen, lykas it wapen fan 'e Trierske aartsbiskop Jan II fan Baden.
Nei de ferneatiging fan 'e tsjerke yn 1944 waarden de fragminten fan it genedebyld fan 'e Jongfaam Marije, in 15e-iuwske piëta, wer byinoar socht en brûkt by de restauraasje fan it byld.
thumb|left|Ynterieur. It nije gebou dat út 1950-1952 datearret, waard ûntwurpen troch Karl Peter Böhr fan Mayen. De arsjitektuer fan 'e tsjerke is modern en it spitsbôgeskip is in knypeach nei de gotyk. De ramen yn 'e spitsbôgefinsters ferljochtsje troch in moaie ynteraksje fan kleuren it skip.
Namme De namme fan 'e tsjerke waard foar it earst yn 1544 neamd en stamt fan in leginde. Dy leginde ferhellet fan 'e bouwer fan 'e tsjerke, in krúsfarder dy't finzen nommen wie. Hy bea ta de Mem Gods en dreamde doe dat er troch in swan nei hûs droegen waard. Mei't er wekker waard die bliken dat de ridder yndie werom wie yn syn heitelân. As tank liet er op it plak dêr't er wekker waard dêrnei in tsjerke bouwe. Op 'e spits fan 'e toer stiet lykas ek foar de ferneatiging ek hjoed-de-dei in swan.
Kategory:Roes Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Trier Kategory:Tsjerkegebou yn Rynlân-Palts Kategory:Bouwurk út 1952