De griene langsturtglânsstaar of griene langsturtglânsprotter (Lamprotornis caudatus) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Beskriuwing thumb|left|De fûgel mei syn opfallende sturt. De fûgel is ynklusyf de lange sturt fan wol 33 sm tusken de 40 oant 50 sm lang en weaget 103 oant 133 gram. It is in grutte protter mei in opfallend lange sturt, wêrfan't de boppeste fear hiel lang is en de fearren dêrûnder hieltiten koarter binne. De kroan, de sydkanten fan 'e kop en de kiel binne donker blaugrien mei in brûnskleurige glâns. De rest fan 'e fûgel is ek glânzgjend blaugrien, mar ljochter. De poaten en de snaffel binne swart. Mantsje en wyfke binne allyk, allinnich ha mantsjes in langere sturt.Handbook of the Birds of the World diel 14, 2009.

Fersprieding De fûgel komt yn West-Afrika foar yn it súdlike part fan 'e Sahel en op 'e Sûdaneeske savanne.

De habitat fan 'e griene langsturtglânsstaar bestiet út iepen, drûge gebieten lykas savannes, ikkerlân, parken en galerijbosken. Se binne faak by bewenning, dêr't se profitearje fan fruchten, sied en ynsekten. De fûgels binne meastentiids yn leechlizzende gebieten en net yn tichte tropyske reinwâlden te finen.

Hâlden en dragen Griene langsturtglânsstaren binne allesiters. Se ite meast ynsekten, fruit en beien mar somtiden ek sied en lytse hagedissen. Guon proaien, lykas de larven fan krobben, kinne bite en dêrom drukt de fûgel de kop fan 'e lare plat foardat er him opfret. thumb|left|Drinkende fûgels oan de Gambiarivier yn Gambia. Se briede yn in beamholte en in nêst bestiet út 2 oant 4 aaien, dy't 15 dagen troch it wyfke bebret wurde. Nei 18 oant 24 dagen fleane de jongen út en wurde dan noch in skoft troch de âlden fuorre.

Status Der bestiet gjin rûzing fan 'e oantallen fan 'e populaasje. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Glânsstaar Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad