De Swartkranspoema (wittenskiplike namme: Puma incurva) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e poema's (Puma). Dit bist libbe yn it Pleistoseen fan Afrika fan 2,3 miljoen oant 1,8 jier lyn.
Taksonomy De Swartkranspoema waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1956 troch de paleöntolooch R. Ewer op basis fan in fossyl dat opdobbe wie by Swartkrans, yn 'e Transfaal fan Súd-Afrika. Der waard tocht dat it om in útstoarne ûndersoarte fan it loaihoars (Panthera pardus) gie, en de oarspronklike wittenskiplike namme wie dan ek Panthera pardus incurva.
It bist waard algemien as sadanich akseptearre, oant de Dútske paleöntolooch Helmut Hemmer it besteande materiaal yn 2023 op 'e nij beseach. Hy murk op dat beskate skaaimerken fan 'e fossilen dy't ûngewoan wiene foar in loaihoars sterk lieken op 'e skaaimerken fan 'e leden fan it skaai fan 'e poema's (Puma). Hy besleat dêrom de Swartkranspoema dêrhinne te ferpleatsen en feroare de wittenskiplike namme yn Puma incurva.
Beskriuwing De Swartkranspoema wie in kateftige fan ferlykbere grutte mei it loaihoars (Panthera pardus).
Sjoch ek Córdobapoema loaihoarspoema marpoema
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Poema Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn Súd-Afrika