De Couwenberg is in wynmûne yn it Noard-Brabânske plak Kaatsheuvel. It is in bultmûne en in boppekruier.

Skiednis De mûne waard yn 1849 yn opdracht fan 'e mûnder A.H. Couwenberg boud. De mûne baarnde yn 1881 ôf, mar waard letter restaurearre.

thumb|left|De romp yn 1949. By de befrijing fan Kaatsheuvel yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de mûne skansearre. De mûnder besocht ferskate kearen om jild te krijen foar in restauraasje, mar om 'e nocht en yn 1950 waar de mûne foar in part ôfbrutsen. Tenei mealle de mûnder mei in dieselmotor yn it pakhûs. Yn 1994 waard De Couwenberg ferkocht. De nije eigners slaggen deryn om de mûne te restaurearjen en yn 1997 wie de restauraasje foltôge. Sûnt wurdt de mûne wer as nôtmûne brûkt. De mûne hie earder wjukken fan it systeem Van Bussel, mar se binne no wer mei Aldhollânsk hekwurk útrist.

Yn it ferline is de mûnebult ôfgroeven om plak te meitsjen foar in pakhûs. Dy romte wurdt tsjintwurdich brûkt as restaurant, mar de mûne is noch mealree. Sa wurdt it brea dat yn it restaurant optsjinne wurdt, bakt fan moal fan 'e mûne. Keppeling om utens Molendatabase De Hollânske Mûne

Kategory:Kaatsheuvel Kategory:Mole yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk út 1850 Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân