De Moer is in doarp yn 'e Noard-Brabânske gemeente Loon op Zand. Op 1 jannewaris 2024 hie De Moer 685 ynwenners.

Namme De Moer is neamd nei de feangrûn, dy't hjir foarkaam en de dêrtroch ûntstiene turfwinning.

Skiednis Alhoewol't it doarp yn 'e 14e iuw stifte waard, is De Moer lyts bleaun. It leit op in krúspunt en hat wat lintbebouwing. It duorre oant 1894 dat De Moer in selsstannige parochy en doe ôfskieden waard fan dy fan 'e parochy Loon op Zand. Yn dy tiid krige it doarp in eigen (need)tsjerke, dy't letter ferfongen waard troch de hjoeddeiske neogoatyske tsjerke.

Tsjerke

Gea De Moer leit foar in grut part yn in agrarysk gebiet op earder feanlân. Yn it easten is de grûn heger en sânich. Dêr leit it lângoed Huis ter Heide mei droege bosken (nullebeammen en Amerikaanske ikebeammen) en feanen. Dat lângoed grinzget yn it noardeasten oan 'e Loonse en Drunense Duinen en yn it noarden oan it Loonsche Land.

Plakken yn 'e buert Loon op Zand Dongense Vaart Dongen Tilburg Kaatsheuvel

Berne Bianca Mastenbroek, skriuwster.

Oars De Moer spilet in wichtige rol yn 'e Nederlânsk-Flaamske dramasearje "Als de dijken breken". De gemeente Loon op Zand soe in kustgemeente wêze as de diken echt brekke soene. Yn 'e searje funksjonearret De Moer as hinnekommen foar minsken út 'e oerstreamde stêden. Bianca Krijgsman en Frank Lammers spylje in echtpear út De Moer. De opnames waarden lykwols earne oars makke.

Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Loon op Zand (gemeente)