De Sint-Jans Unthalzingtsjerke is in goatysk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske doarp Loon op Zand.

Skiednis De tsjerke waard om 1394 hinne boud, doe't de ynwenners fan Venloon (sa't it doarp doe hiet) twongen waarden it âlde doarp en de yn 1233 boude stiennen Sint-Willibrordtsjerke op te jaan om't hja jimmeroan mear lêst krigen fan it optsjende stosân.

Oarspronklik wie de Sint-Jans Unthalzingtsjerke in rjochthoekich, romaansk sealtsjerkje, mar om 1400 hinne fûn in útwreiding plak mei in goatysk koer, folge troch in dwersskip yn 1410 en yn 1450 de toer. De tsjerke waard yn 1570 renovearre en krige doe min ofte mear syn hjoeddeiske oansjen.

As gefolch fan 'e reformaasje waard de tsjerke yn 1648 troch de autoriteiten fan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen oerdroegen oan 'e kalvinisten. Om't dy mienskip mar tige lyts wie, waarden dielen fan 'e tsjerke as brânwachtkazerne, hynstestâl en finzenis brûkt. De tsjerke rekke yn ferfal en op 9 novimber 1800 rekke de toer troch in stoarm slim skansearre en ferlear syn spits. Yn 1820 koe in begjinnende brân op 'e tiid dwêste wurde.

De tsjerke waard yn 1821 oan 'e katoliken werom jûn en nei in restauraasje yn 1823 wer yn gebrûk nommen. Yn 1835 krige de tsjerke in oargel.

By in restauraasje yn 1880 ûnder lieding fan Carl Weber krige de tsjerke in houten tonferwulft. Yn 1882 waard de toer restaurearre. In nije restauraasje fan 'e toer folge yn 1907 om't de spits by in stoarm der ôfwaaide. Yn 1923 waard it ynterieur opnij skildere en yn 1928 waard it dwersskip ûnder lieding fan Hendrik Willem Valk útwreide. Dy útwreiding wurdt oer it algemien yn arsjitektoanyske sin net posityf wurdearre.

De skea by de befrijing fan 1944 waard yn 1945 wer ferholpen. De ferneatige glês-yn-leadramen binne doe ferfongen.

Beskriuwing thumb|left|Oersjoch ynterieur Sint-Jans Unthalzingtsjerke. De tsjerke is in trijeskippige bakstiennen krústsjerke yn goatyske styl. It koer, it âldste diel fan 'e tsjerke, wurdt flankearre troch grutte tafoegingen út de moderne tiid. De toer is ryklik fersierd mei speklagen en bline nissen. Ek de steunbearen fan 'e toer binne ryk fersierd mei ornaminten.

It ynterieur is benammen nijsgjirrich fanwegen de ferskate 17e-iuwske koperen kroanluchters. Fierder binne der tsjerkemeubilêr en keunstwurken út de tiid fan 'e neogotysk. Fan 'e oanwêzige hilligebylden is benammen it byld fan Gerlachus fan Houthem it neamen wurdich.

Oargel It yn 1835 troch Bernhard van Hirtum boude oargel hat in lange skiednis. It komt út 'e Waalske tsjerke fan 'e Bosk en waard by de bou fan it oargel yn 'e tsjerke útwreide mei in twadde manuaal. It hat oargelpipen dy't om 1660 hinne makke binne troch Stephanus Cosijns en it binne de âldste oargelpipen fan Noard-Brabân. It oargel waard yn 1942 ôfbrutsen en mei behâld fan it âlde piipwurk ferfongen troch in nij elektro-pneumatysk oargel fan 'e Bruorren Vermeulen út Weert. Vermeulen ferboud it oargel yn 1985-1986 yn 'e steat sa't dy no is.

Njonken it haadoargel hat de tsjerke ek in koeroargel, dat oarspronklik út de Hillige Geasttsjerke fan Goirle ôfkomstich is, dy't yn 1999 ôfbrutsen is.

De âldste fan 'e fiif klokken datearret út 1460.

Oars Op it tsjerkhôf by de tsjerke stiet in Hillich Hertbyld. Keppeling om utens Orgelsite: disposysje fan it oargel.

Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom De Bosk Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân