Spider-Man: No Way Home is in Amerikaanske superheldefilm út 2021 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Zendaya Coleman. De titel betsjut "Spinneman: Gjin Paad nei Hûs". De film heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Hy folget as sadanich op Eternals en giet foarôf oan Doctor Strange in the Multiverse of Madness. Spider-Man: No Way Home is it ôfslutende diel fan in trilogy oer Spider-Man, dy't as eardere dielen Spider-Man: Homecoming (2017) en Spider-Man: Far from Home (2019) hat.
It ferhaal folget de jonge superheld Spider-Man wannear't syn identiteit iepenbier makke wurdt en hy yn 'e swierrichheden rekket trochdat er, behalven fans, ek in protte haters hat. Hy freget dêrom dr. Stephen Strange om troch gebrûk fan tsjoenderij syn identiteit wer geheim te meitsjen. Troch tadwaan fan Spider-Man sels beteart dat hielendal mis en komt er noch folle djipper yn 'e problemen te sitten. Spider-Man: No Way Home krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 2021. In fjirde film oer deselde personaazjes, Spider-Man: Brand New Day, sil nei ferwachting útkomme yn 2026.
Plot Nei syn troch eigen skuld feroarsake dea lit de oplichter, terrorist en nep-superheld Mysterio mei in yn 't foar opnommen fideo dochs noch Peter Parker (alias Spider-Man) opdraaie foar de sabeare moard op him. Boppedat makket er, fia de rioelsjoernalist J. Jonah Jameson, de identiteit fan Peter iepenbier. Spesjaal aginten fan it Amerikaanske Ministearje foar Skeabeheining arrestearje Peter, syn freondinne M.J. Jones-Watson, syn bêste freon Ned Leeds, syn muoike May Parker en har freon Happy Hogan, mar abbekaat Matt Murdock makket gehak fan 'e oanklachten en kriget harren wer frij. Nettsjinsteande dat hawwe Peter-en-dy te krijen mei in protte negative publisiteit. It Massachussetts Institute of Technology (MIT) yn Boston, dêr't hy, M.J. en Ned studearje wolle, wiist dêrom harren ynskriuwings ôf.
Peter betinkt in snoad plan om yn elts gefal M.J. en Ned studearje te litten. Hy giet nei de tsjoender dokter Stephen Strange yn it Sanctum Sanctorum fan New York en freget dyselde om 'e tiid werom te draaien, sadat Peter foarkomme kin dat syn identiteit bekendmakke wurdt. Dat is lykwols tefolle frege. Strange komt ynstee dêrfan mei de suggestje om in tsjoendersspreuk te brûken dy't eltsenien de identiteit fan Peter ferjitte lit. Dat liket Peter skoan ta. Mar wylst Strange al dwaande is, beseft Peter ynienen dat dan ek syn freonen net mear witte sille dat er Spider-Man is. Dat, earst freget er Strange om 'e spreuk oan te passen sadat M.J. alles noch witte sil, en dêrnei freget er ien foar ien om gelikense oanpassings foar Ned, muoike May en Happy Hogan. Troch de oanhâldende feroarings giet it mis mei de tsjoendersspreuk. It slagget Strange mar kwealk om it korrumpearre ding op 'e tiid te ûnderdrukken.
Wannear't Strange ûntdekt dat Peter net iens besocht hat om gewoan kontakt op te nimmen mei MIT om te sjen oft der wat oan 'e ôfwiisde oanfragen te dwaan is, wurdt er poerlulk. Peter spilet fan rutens en besiket in froulike dekaan fan 'e universiteit te efterheljen ear't hja it fleantúch nimt. Wylst er it frommeske yn 'e file oansprekt, wurdt er lykwols oanfallen troch de supersmjunt Doctor Octopus alias dr. Otto Octavius. Dyselde skuort mei syn meganyske tentakels in diel fan 'e nanotechnology út Peter syn Spider-Man-pak, mar de nanotechnology ferraant mei de tentakels en sa kriget Peter dêr de kontrôle oer en kin er Octavius finzen nimme. Wannear't fuort neitiid de Green Goblin alias Norman Osborn arrivearret en Peter oanfalt, wurdt Peter troch Strange hommels nei it Sanctum Sanctorum tilleportearre.
Strange set Octavius finzen yn in sel njonken ien dêr't er Lizard alias Curt Connors al finzen hâldt. Hy leit oan Peter út dat de misbetearde tsjoendersspreuk minsken út parallelle universa oanlutsen hat dy't de identiteit fan Spider-Man kenne. Hy hjit Peter om mei help fan M.J. en Ned alle oare by fersin oanlutsen supersmjunten op te spoaren, wylst er sels in manear siket om se wer werom te stjoeren nei wêr't se wei komme. Peter-en-dy spoare Electro alias Max Dillon en de Sandman alias Flint Marko op, en dyselden einigje ek yn sellen yn it Sanctum Sanctorum.
Underwilens wit Osborn de kontrôle oer himsels werom te winnen fan syn spjalten Green Gobin-persoanlikheid. Hy siket help yn in opfangsintrum foar dakleazen dêr't muoike May wurket. Sa kin Peter ek him ynrekkenje. Yn it Sanctum Sanctorum beprate Osborn, Octavius en Dillon harren yndividuele striid mei Spider-Man en komme ta it besef dat se oan harren respektivelike universa ûntskuord binne yn it momint foar't se stjerre soene. Strange risselwearret om 'e wurking fan 'e ûnderdrukte tsjoendersspreuk om te kearen en eltsenien wer nei hûs te stjoeren, mar ûnder ynfloed fan May leit Peter dêr tsjinyn dat se de supersmjunten earst besykje moatte soene te helpen. It binne nammentlik stik foar stik geastlik tramtearre yndividuën, dy't krekt likefolle rêding fertsjinje as minsken dy't it slachtoffer binne fan bygelyks natoerrampen of oarloch. As Strange net nei him harkje wol, ûntnaderet Peter him de tsjoendersspreuk en lit er him finzen efter yn syn eigen Spegeldiminsje.
Peter nimt de fiif supersmjunten mei nei it appartemint fan Happy Hogan, dêr't hy en May ûnderdûkt sitte sûnt Peter syn identiteit algemien bekend wurden is. Mei technology fan Stark Industries, dêr't Hogan wurket, besiket Peter dêrnei om 'e mannen te genêzen. By Octavius giet dat frij flot, mar ear't er oer de oaren gear kin, nimt de Green Goblin de kontrôle oer it lichem fan Osborn wer oer en bepraat de oare supersmjunten om Peter te ferrieden. Yn it dêropfolgjende gefjocht tusken Spider-Man en de Green Goblin wit de smjunt muoike May deadlik te ferwûnjen. De supersmjunten ûntkomme, en Peter bliuwt efter by May, dy't him foar har ferstjerren taflústeret dat it beskikken oer grutte macht ek in grut ferantwurdlikheidsgefoel fereasket.
Underwilens ûntdekt Ned dat er magyske trochgongen iepenje kin om himsels of oaren nei oare plakken te tilleportearjen as er dêrfoar de slingring brûkt dy't Peter fan Strange ôfpakt hat. Hy en M.J. besykje op dy manear Peter werom te finen, nei't dy him yn fertriet om it ferstjerren fan May ôfsûndere hat. Mar wat se eins dogge, is it oproppen fan twa oare ferzjes fan Peter Parker út parallelle universa. Mei de help fan dyselden fine M.J. en Ned harren eigen Peter werom. Dyselde is troch de dea fan syn muoike anneks pleechmem sa op ien ein dat er ree is om 'e supersmjunten nei hûs te stjoeren en stjerre te litten. Mar de oare beide, âldere, Peters komme op 't ferhaal oer minsken fan wa't se holden dy't sy ferlern hawwe en fiterje de Peter fan dizze wrâld oan om te dwaan wat May wollen hie dat er dwaan soe.
Trijeresom ûntwikkelje de Peters genêsmiddels foar de supersmjunten, wêrnei't se dyselden nei it Frijheidsbyld ta lokje foar in konfrontaasje. Se witte Lizard en de Sandman te ferslaan en te genêzen, wylst Octavius, dy't beart dat er oan 'e kant fan 'e supersmjunten stiet, op in krúsjaal momint oerrint en Electro syn genêsmiddel tatsjinnet. Op 'e flecht foar de supersmjunten befrijt Ned by fersin dr. Strange út 'e Spegeldiminsje. De Green Goblin lit de ûnderdrukte misbetearde tsjoendersspreuk frij, mei as gefolch dat ûntelbere persoanen dy't Peter kenne út ûntelbere parallelle universa nei dizze wrâld ta oerbrocht drige te wurden. Strange besiket dat tsjin te kearen, wylst in ta razernij brochte (orizjinele) Peter wraak nimme wol foar de dea fan May troch de Green Goblin om hals te bringen. Ien fan 'e oare Peters hâldt him lykwols op it lêste momint tsjin, en de trêde Peter helpt him om 'e Green Goblin te ynjektearjen mei syn genêsmiddel. Norman Osborn wurdt dêrtroch wer ta sûnens fan geast brocht, mar is raar gesteld as er beseft wat er dien hat.
De orizjinele Peter beseft dat de iennichste manear om mei de misbetearde tsjoendersspreuk ôf te weven, is om 'e tsjoen hielenal op 'e nij te dwaan, en diskear sûnder útsûnderings. Strange warskôget him dat dan M.J., Ned en syn oare freonen him ek net mear kenne sille, mar Peter hjit him om troch te setten. As de tsjoendersspreuk op 'e nij útsprutsen wurdt, ferdwine de oare beide Peters en de genêzen supersmjunten, dy't weromstjoerd wurde nei harren eigen universum. Fjirtjin dagen letter siket Peter M.J. op yn it kafee dêr't se in bybaantsje hat as servearster. Hy besiket himsels oan har foar te stellen, mar sjocht dêr úteinlings fan ôf. Letter treft er Happy Hogan by it grêf fan May. Happy ken him ek net mear, mar se reitsje oan 'e praat, en yn it petear fynt Peter ynspiraasje om troch te gean mei syn bestean as superheld. Hy makket in nij Spider-Man-pak en set wer útein as figilante.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Spider-Man / Peter Parker Tom Holland Michelle "M.J." Jones-Watson Zendaya Coleman
byrollen personaazje akteur/aktrise Ned Leeds Jacob Batalon dokter Stephen Strange Benedict Cumberbatch May Parker Marisa Tomei Happy Hogan Jon Favreau Spider-Man / Peter Parker #2 Andrew Garfield Spider-Man / Peter Parker #3 Tobey Maguire Green Goblin / Norman Osborn Willem Dafoe Electro / Max Dillon Jamie Foxx Doctor Octopus / Otto Octavius Alfred Molina Sandman / Flint Marko Thomas Haden Church Lizard / dr. Curt Connors Rhys Ifans Eugene "Flash" Thompson Tony Revolori J. Jonah Jameson J.K. Simmons Betty Brant Angourie Rice beppe fan Ned Mary Rivera coach Wilson Hannibal Buress Roger Harrington Martin Starr Julius Dell J.B. Smoove dekaan MIT Paula Newsome Matt Murdock Charlie Cox (cameo) master Wong Benedict Wong (cameo) Venom / Eddie Brock Tom Hardy (cameo) spesjaal agint Foster Gary Weeks spesjaal agint Cleary Arian Moayed Mysterio / Quentin Beck Jake Gyllenhaal (argyfbylden) barkeeper Cristo Fernández
Produksje en distribúsje Produksje Spider-Man: No Way Home stie al sûnt 2017 yn 'e planning, doe't by de produksje fan Spider-Man: Homecoming besletten waard ta it meitsjen fan in filmtrilogy oer Spider-Man. De film waard regissearre troch Jon Watts nei in senario fan Chris McKenna en Erik Sommers. As produsinten wiene Kevin Feige en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, de Marvel Studios en Pascal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $200 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mauro Fiore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.
Opnamen De opnamen foar Spider-Man: No Way Home setten op 14 oktober 2020 útein en duorren oant 26 maart 2021. Om foar te kommen dat de filmsets troch klibers fans ûnder de foet rûn wurde soene, waard gebrûk makke fan 'e misliedende wurktitel Serenity Now. Op lokaasje yn New York waarden eftergrûnbylden en establishing shots opnommen. Dat waard dien yn 'e buerten Astoria, Sunnyside en Long Island City fan 'e borough Queens, en teffens yn 'e buert Greenwich Village fan 'e borough Manhattan.
De sênes op 'e middelbere skoalle waarden opnommen yn 'e Frederick Douglass High School en yn 'e Midtown High School, beiden yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Foar de rest waard Spider-Man: No Way Home foar it meastepart filme yn 'e Trilith Studios yn Fayetteville, besuden Atlanta. Om't de opnamen midden yn 'e koroanapandemy foelen, gouwen der op 'e set strange maatregels om it kontakt tusken leden fan 'e cast en de filmcrew safolle mooglik te beheinen. Dêrta waard gebrûk makke fan nije technology dy't de akteurs op 'e filmbylden yn 'e postproduksje fan make-up en kostúms foarsjen koe.
Distribúsje