Loon op Zand is in doarp yn 'e Noard-Brabânske gemeente Loon op Zand. Op 1 jannewaris 2024 hie it plak 6.190 ynwenners.

Skiednis It doarp Loon op Zand hat in lange skiednis. Om it jier 1100 hinne begûn de delsetting yn in doe noch wiet gebiet. De delsetting stie bekend as Venloon. Der moat hjir al yn 1233 in tsjerke west hawwe. It oerbeweidzjen, ûnferstannich kappen fan beammen en plaggen fan heide feroarsaken sânferstowingen, dy't hjoed-de-dei de Loonse en Drunense Duinen foarmje. Al yn 1250 waard neamd dat de bewenners by it Venloen harren bedrige fielden troch it sân. It âlde Venloen lei op it plak dat letter Lân fan Kleef neamd waard. Dêr is ek de Kerkenakker dêr't eartiids de tsjerke fan it plak stie, dy't mooglik noch in foargonger hie yn 'e foarm fan in houten, oan Sint-Willibrord wijde tsjerke.

Yn 1269 waard it doarp mei syn heide en woeste grûn as lien troch Jan I fan Brabân oan Willem fan Horne jûn. Dat gebiet waard doe in saneamde hearlikheid. Troch de lizzing flakby de sânferstowings fan 'e Loonse en Drunense Duinen, ûntwikkele de plaknamme him fan Venloon op 't Sant oer Loon op 't Sandt ta it hjoeddeiske Loon op Zand. It doarp ferhûze om 1390 nei syn hjoeddeiske lokaasje, dat mear súdwestlik leit. thumb|left|Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Sint-Jan. De tsjerke fan Loon op Zand waard om 1394 hinne boud. De patronaatsrjochten fan 'e tsjerken fan Venloon en letter Loon wiene yn 'e hannen fan 'e Norbertinen fan 'e Abdij fan Tongerlo. Yn 1396 waard yn opdracht fan Paul fan Haastrecht de Turffeart groeven, dy't fan 's Gravenmoer oer Sprang-Capelle en Drunen nei De Bosk rûn. De winning fan turf en it ferfier dêrfan wiene wichtige ekonomyske aktiviteiten yn it doarp en de opbringst gie nei de Hear fan Loon op Zand. De feart fersâne om 1600 hinne. By Plantloon, eastlik fan Kaatsheuvel en besuden Waalwyk, en as de Alde Feart tusken Kaatsheuvel en 's-Gravenmoer, binne dielen fan 'e Turffeart bewarre bleaun.

Neffens in myte oer de ferhuzing fan it doarp moasten de boeren flechtsje foar it optsjende sân. It doarp Venloon soe bedrige wurde troch it stosân en dêrom waarden seis pylken ôfsketten om de lokaasje fan 'e nije tsjerke en sa de lokaasje fan it nije doarp te bepalen. De ôfstân fan it hjoeddeiske Lân fan Kleef oant de tsjerke koe dit ferhaal noch rjochtfeardigje. It plak dêr't eartiids Venloon lei wurdt lykwols omjûnfieme troch ferskate sânbanken. De sânbanken dy't it âlde plak omfiemen soene it pylksjitten grif hindere ha en by de opgravingen fan 'e âlde tsjerke en it tsjerkhôf die bliken dat it gebiet net mei sân oerdutsen west hat. Dêrom wurdt algemien oannommen dat it ferhaal fan 'e Ses Boogscheuten Weeghs net krekt is. thumb|left|It kastiel om 1700 hinne. Sûnt likernôch 1400 leine de grinzen fan it doarp fêst. De grins fan 'e hearlikheid foarme foar in part de grins tusken it Hartochdom Brabân en it Greefskip Hollân, dat dielen fan De Langstraat yn besit hie. Yn 1296 waard de hearlikheid fan Venloon oan Willem II fan Horne jûn. Dêrnei kamen Gerard I fan Horne, Willem IV fan Horne, Gerard II fan Horne en Johanna fan Horne. Hja wie troud mei Gijsbrecht fan Abcoude en harren âldste soan wie Zweder fan Abcoude. Yn 1380 kaam de hearlikheid oan Paul fan Haastrecht, dy't ek boppeskout fan 'e Bosk wie. De hearen wennen yn it kastiel Loon op Zand (ek wol it Wite Kastiel neamd). De hearlikheid, dy't ûnderdiel foarme fan it Oisterwijkkertier fan 'e Meierij fan De Bosk, waard omskreaun as de alderbêste fan 'e hiele Meierij. Loon op Zand lei ek strategysk oan 'e haadwei tusken Turnhout en De Bosk.

Yn 'e tiid fan 'e yndustrialisaasje waard Loon op Zand in wichtich plak foar de lear- en skuonyndustry. Oant de jierren 1990 wiene der yn Loon op Zand in soad fan sokke fabriken. De ferneamdste skuonfabryk wie dy fan 'e famylje Van Lier. Oan 'e ein fan 'e jierren 1990 ferhuze dat fabryk lykwols nei Breda, wat de ein fan de skuonneproduksje markearre. Hjoed-de-dei binne de learloaierij fan it bedriuw Vromans en it skuonfabryk fan 'e bruorren Van Esch de lêste twa oerbliuwsels út de tiid dat dy tiid. thumb|260px|Loon op Zand, sintrum Loon op Zand is yn 'e rin fan 'e jierren foars útwreide. Mei de tafoeging fan 'e wyk Molenwijck ferdûbele it doarp wat ynwennertal oanbelanget. Ek yn 'e takomst sil it plak noch fierder útwreidzje.

Op 27 febrewaris 2020 teste de earste pasjint yn Nederlân posityf op COVID-19 yn Loon op Zand.

Gea thumb|260px|Loonse en Drunense Duinen. Fuort noardeastlik fan it doarp leit it grutte natoergebiet fan 'e Loonse en Drunense Duinen, wylst westlik it natoermonumint Huis ter Heide leit, dêr't ek de Loonse Heide by heart. Yn it súdeasten leit it kultureel en histoarysk wichtige natoerreservaat De Brand op it grûngebiet fan Haaren en Tilburg en yn it suden de Vloeivelden op it grûngebiet fan Tilburg.

It besjen wurdich thumb|260px|It hjoeddeiske kastiel. De Tsjerke fan 'e Unthalzing fan Jehannes de Doper waard sûnt 1394 boud. It oargel fan 'e tsjerke út 1943 besit piipwurk fan in oargel fan Stephanus Cosijns út 1661. Op it tsjerkhôf is in grêfkelder fan 'e famylje Verheyen út 1898 mei 33 leden fan dy famylje. It Wite Kastiel is in gebou út 1777. De Van der Wouw Mûne oan 'e Loonse Molenstrjitte 16 is in restant fan in mûne út 1867. Sûnt 1899 hie it doarp in kleaster, dat bewenne waard troch de Susters fan Schijndel. Yn 1926 namen de fraters fan Tilburg de gebouwen oer. Yn 1974 waard it fraterhûs opheft en sûnt wennen der oant 1993 minsken mei in ferstannelike beheining. Sûnt foarmet it gebou ûnderdiel fan it doe boude multykunksjonele sintrum De Wetering. Oan 'e Tilburgseweg stiet in Marijekapel út 1939.

Tichteby lizzende plakken Tilburg Udenhout De Moer Kaatsheuvel

Kategory:Plak yn Noard-Brabân Kategory:Loon op Zand (gemeente)