De Sint-Jan de Dopertsjerke is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn it Brabânske doarp Kaatsheuvel.

Skiednis De arsjitekt fan 'e foarse tsjerke fan stedske alluere is Cornelis van Hoof. De bou sette yn 1909 útein en de tsjerke waard yn 1915 konsekrearre.

Nei de konsekraasje fan 'e tsjerke waard de wettersteatstsjerke út 1853 ôfbrutsen. Dy tsjerke stie tichteby de hjoeddeiske lokaasje fan 'e tsjerke dêr't no it eardere patronaatsgebou stiet.

Beskriuwing It is in neogoatyske krúsfoarmige basilyk mei twa tuorren oan 'e gevel en in dûbel yngongsportaal mei in spits.

De twillingtuorren binne likernôch 59 meter heech en wurde bekroand mei spitsen. De tsjerke hat in rûn sletten koer krekt lykas de dwersskippen.

De tsjerke waard yn 2009 restaurearre en wurdt noch brûkt troch de parochy fan Kaatsheuvel.

Ynterieur thumb|left|Ynterieur. It ynterieur fan 'e tsjerke is geef en hat in giel stjerferwulft. Yn 'e tsjerke is in houten triomfkrúsbalke út 1750. De krúswei yn 'e sydskippen datearje út 1890. De hjoeddeiske glês-yn-leadramen binne yn 'e jierren 1960 ynbrocht. It hekwurk waard yn 1991 yn 'e âlde styl rekonstruearre.

Oargel It út 1855 datearjende oargel fan 'e tsjerke waard boud troch J.J. Vollebregt & Sn. It wie it iennige oargel fan Vollebregt mei in rêchposityf. De oargelkas waard troch J.B. Peeters út Antwerpen boud. Yn 1877 ferboude Gradussen it oargel. It oargel waard nei de foltôging fan 'e nije tsjerke yn 1912 troch de bruorren Franssen werboud, mar it nei de ferbouwing fan Gradussen yn 1877 lege rêchposityf waard net mear op 'e nij set.

Njonken it haadoargel besit de tsjerke ek in koeroargel fan de firma Heythuysen.

Oars Foar de tsjerke stiet in Hillich-Hertbyld.

Keppeling om utens Disposysje haadoargel. Disposysje koeroargel.

Kategory:Kaatsheuvel Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út 1915 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom De Bosk