De tosksnaffelkardinaal (Piranga lutea), ek: tosksnaffeltangare, is in middelgrutte Amerikaanske sjongfûgel út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).

Taksonomy Tradisjoneel waard it skaai Piranga klassifisearre yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae), mar út genetysk ûndersyk die bliken dat it skaai thúsheart yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).

Earder waard de tosksnaffelkardinaal as konspesifyk mei de leverkardinaal (Piranga hepatica) en de leechlânleverkardinaal (Piranga flava) beskôge, mar yn 2001 waarden se troch de IOC World Bird List yn trije aparte soarten opdield.

De systematyk fan 'e soarte is noch jimmeroan kontroversjeel. De tosksnaffelkardinaal wurdt ek faak behannele as in ûndersoarte fan 'e leverkardinaal, ûnder oaren troch de IUCN. Oaren, lykas Clements et al 2017, behannelje se beide as ûndersoarten fan 'e leechlânleverkardinaal.J.F. Clements, T. S. Schulenberg, M. J. Iliff, D. Roberson, T. A. Fredericks, B. L. Sullivan and C. L. Wood (2016) The eBird/Clements checklist of birds of the world: Version 2024, birds.cornell.edu

De fûgel wurdt ferdield yn seis ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:Gill, F & D Donsker (Eds). 2015. IOC World Bird List (v 5.2). doi : 10.14344/IOC.ML.5.2.

Piranga lutea testacea - Kosta Rika en Panama. Piranga lutea lutea – súdwestlik Kolombia oant west-sintraal Bolivia. Piranga lutea desidiosa - west-sintraal Kolombia. Piranga lutea toddi - sintraal Kolombia Piranga lutea faceta - Trinidad, noardlik Kolombia en noardwestlik Fenezuëla. Piranga lutea haemalea – súdlik Fenezuëla, Guyana en noardlik Brazylje.

Status De IUCN erkent de fûgel net as in soarte en dêrom ûntbrekt in bedrigingstatus.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago