De leechlânleverkardinaal (Piranga flava), ek: leechlânlevertangare, is in middelgrutte Amerikaanske sjongfûgel út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Beskriuwing Se mjitte tusken 17 en 19 sm yn 'e lingte. It mantsje hat oranje-reade fearren en liket op 'e simmerkardinaal Piranga rubra, mar hat in swarte snaffel en in fellere kleur. It hat in donkerder plak by it ear.
It wyfke liket in soad op 'e oare wyfkes fan it skaai: oliifgriene fearren op 'e boppedielen en giel fan ûnder. Se hat lykwols ek in swarte snaffel.
Taksonomy De leechlânleverkardinaal waard yn 1822 wittenskiplik beskreaun troch de Frânske ornitolooch Louis Jean Pierre Vieillot. Tradisjoneel waard it skaai Piranga klassifisearre yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae), mar út genetysk ûndersyk die bliken dat it skaai thúsheart yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Earder waard de leechlânleverkardinaal as konspesifyk mei de leverpiranga (Piranga hepatica) en de tosksnaffeltangare (iranga lutea) beskôge, mar yn 2001 waarden se troch de IOC World Bird List yn trije aparte soarten opdield.
Der binne fjouwer ûndersoarten fan Piranga flava:
Piranga flava macconnelli, súdlik Guyana, súdlik Suriname en noardlik Brazylje. Piranga flava rosacea, eastlik Bolivia. Piranga flava saira, eastlik en súdlik Brazylje. Piranga flava flava, súdeastlik Bolivia, Paraguay, noardlik Argentynje en Oerûguay.
Fersprieding De soarte komt yn grutte dielen fan it noardwesten fan Súd-Amearika foar. It habitat bestiet út fochtige bosken, iepen bosk en savanne's.
Status Foar de opsplitsing yn trije soarten waard de populaasje op 5 oant 50 miljoen fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC). It is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname