De swartwjukkardinaal of skarlakenkardinaal (Piranga olivacea) is in sjongfûgel út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soart waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Gmelin yn 1789.

Beskriuwing thumb|left|Mantsje yn prachtkleed. De swartwjukkardinaal is in middelgrutte sjongfûgel en krekt de lytste fan 'e fjouwer soarten fan it skaai dat noardlik fan 'e Meksikaanske grins briedt. Se wurde 16 oant 19 sm lang en ha in spanwiidte fan 25 oant 30 sm. Mantsjes binne djip read mei swarte wjukken en in swarte sturt. Wyfkes binne gieleftich op 'e ûnderkant en fan boppe oliifgrien, mei oliifgielige wjukken en sturt. Winterdeis hat it mantsje deselde kleuren as it wyfke, mar de wjukken en sturt bliuwe donker.

Fersprieding It briedgebiet leit yn it eastlike diel fan 'e Feriene Steaten en it uterste súdeasten fan Kanada. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Amearika. Se libje yn boskgebieten, beboske gebieten, parken of tunen.

Hâlden en dragen Nettsjinsteande de felle kleuren is de fûgel dreech yn 'e beammen waar te nimmen, dêr't se nei beien, fruchten, ynsekten, spinnen en slakken sykje.

Yn 'e briedtiid komt it wyfke in pear dagen nei de mantsjes yn it briedgebiet oan, dêr't it mantsje syn territoarium yn 'e beammen ôfset hat en op it wyfke wachtet. As it wyfke yn 'e buert komt set it mantsje útein te sjongen om it wyfke út te noegjen. Yn in hege beam boud it wyfke it nêst en leit dêr trije oant fiif aaien, dy't yn likernôch trettjin dagen útbret wurde.

Status De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC, 2016) klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen