De bloedkardinaal (Piranga bidentata) is in yn Midden-Amearika foarkommende sjongfûgel út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Beskriuwing De bloedkardinalen wurdt 18 oant 19 sm lang en 32 oant 48,4 gram swier. Tusken de skaaien bestiet in foars seksuëel dimorfisme. Mantsjes ha in krêftich oranjereade oant bloedreade kop, nekke en ûnderkant. By de earen ha de fearkes brune puntsjes. De rêch is donkerbrún. De wjukken en sturtfearren binne donkerbrún mei op de sekundêre slachpinnen en grutte dekfearren brede wite punten.
Wyfkes ha deselde tekening as mantsjes, mar by har dominearje de giele kleuren.
By mantsjes en wyfkes is de boppesnaffel swarteftich, de ûndersnaffel donkergriis. De poatsjes binne ek swarteftich. It eachje is donker readbrún.
Fersprieding De fûgel libbet it leafst yn it suden fan 'e Feriene Steaten en yn Midden-Amearika yn fochtige berchwâlden. Ek wurdt de fûgel waarnommen yn kofjeplantaazjes, tunen en bercheftige gebieten.
De soarte bestiet út fjouwer ûndersoarten:
Piranga bidentata bidentata: de súdwestlike [Feriene Steaten, noardwestlik en sintraal Meksiko. Piranga bidentata flammea: westlik Meksiko. Piranga bidentata sanguinolenta: fan eastlik Meksiko oant El Salvador. Piranga bidentata citrea: Kosta Rika en Panama.
Hâlden en dragen De soarte libbet meast allinnich of yn pearkes. Se ite lidpoatigen en ek fruchten. Oer it briedgedrach is net in soad bekend. It nêst wurdt yn 'e regel yn tichte begroeiïng, it leafs yn sipressen, boud en der wurde twa oant trije ljochtblauwe aaikes lein.
Status De soarte is yn it ferspriedingsgebiet net seldsum en wurdt dêrom troch de IUCN as net bedrige (LC, 2020) klassifisearre. Se binne ek yn gebieten mei minsklike aktiviteiten te sjen en minder gefoelich foar fersteuringen. Se komme bygelyks ek oan 'e stedsrânen fan Meksiko-Stêd foar. In rûge rûzing út 2019 hâldt de populaasje op 50.000 oant 500.000 fûgels. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika