De simmerkardinaal of simmertangare (Piranga rubra; synonym: simmertangare) is in fûgelsoarte yn it skaai Piranga út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Beskriuwing thumb|left|Jong mantsje. De simmerkardinaal wurdt sawat 18 sintimeter lang en hat in wjukspanwiidte fan 28 oant 30 sintimeter. Der bestiet in sterk seksuëel dimorfisme tusken de skaaien. By mantsjes is it hiele bealchje ynklusyf de sturtfearren krêftich read, allinnich de fearren fan 'e wjukken binne soms wat donkerder. Jonge mantsjes binne yn it earstoan ûnregelmjittich gielbrún en readeftich fan kleur. De wyfkes hawwe in oliifgiele boppekant en in giele ûnderkant. De wjukken binne gielbrún. De sterke snaffel is by mantsjes en wyfkes gielgriis, de iris is swart en de poatsjes en fuotten binne griis.
Fersprieding De simmerkardinaal briedt mei de nominaatfoarm Piranga rubra rubra yn 'e súdlike en sintrale dielen fan 'e Feriene Steaten fan 'e eastkust oant Kalifornje. De ûndersoarte Piranga rubra cooperi libbet yn noardlik Meksiko. De fûgels hâlde harren leafst yn tichte leaf- en mingde bosken op. Yn 'e lette hjerst trekke de fûgels oer súdlik Florida en súdlik Meksiko nei Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika, dêr't se oerwinterje.
Hâlden en dragen Simmerkardinalen wurde benammen fûn yn 'e middelste en hege ferhegingen fan leafbeammen. Se mei graach bijen en ealjebijen, dy't se yn 'e flecht fange. Foardat se de ealjebijen opfrette, slaan se dy tsjin tûken om de angel te ferwiderjen. Soms ite se ek harren larven, wêrtroch't se maklik tagonklike bijekasten en wespenesten iepenbrekke. Foardat de fûgels yn 'e lette hjerst mei harren migraasje útein sette, slaan se fetreserves yn harren lichem op om 'e trek oan te kinnen.
Status De simmerkardinaal is net seldsum yn syn biotoop en de populaasje is stabyl en dêrom wurdt de fûgel troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer as net bedrige (LC, 2016) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen