De fjoerkardinaal (Piranga ludoviciana) is in benammen Noardamerikaanske fûgel út de famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae). De soarte briedt yn West-Kanada en it westen fan 'e Feriene Steaten. Winterdeis migrearje se nei Midden-Amearika.
De soarte wurdt monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Taskonomy It skaai waard earder yn 'e famylje fan 'e tangarefûgels (Thraupidae) set, mar út DNA-stúdzjes hat bliken dien dat it eins kardinalen binne, nau besibbe oan 'e typesoarte fan 'e famylje: de reade kardinaal.
Beskriuwing Fjoerkardinalen binne lytse oant middelgrutte fûgels en wurde 17 oant 18 sm lang en ha in spanwiidte fan 29 sm. Mantsjes ha in karakteristike oranjereade kop. It reade pigmint yn it fearrekleed is rhodoxanthine, in seldsum pigmint by fûgels dat net sels oanmakke wurdt en nei alle gedachten mei it iten fan ynsekten ynnommen wurdt. De nekke, it boarst en de ûnderkant is giel. De wjukken binne meast swart, mei dúdlike giele oant wite wjukbannen en giele skouders. De rêch is mei útsûndering fan 'e giele stút ek swart. De sturtfearren binne swart oant swartgriis. Winterdeis kriget it mantsje in mear gielige kop
By wyfkes is it fearrekleed oliifgrien oant griiseftich. De dekfearren fan 'e wjukken en de sturtfearren ha in doffere swartgrize kleur. De rêch is lykas de kleur fan it kopke: oliifgrien oant griiseftich. Se kinne mei de wyfkes fan 'e skarlakenkardinaal betize wurde.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet leit fan it noardwesten fan Kanada oer de noardwestlike Feriene Steaten. Winterdeis trekke se yn kloften fan maksimaal 30 fûgels nei waarmere gebieten. It ferspriedingsgebiet leit dan fan it suden fan Kalifornje oer Meksiko oant Kosta Rika en selden oant Panama.
Hâlden en dragen Se komme faak yn 'e nulle- en leafbosken meast yn 'e hegere beamlagen foar. It iten bestiet út ynsekten en larven. Se briede tusken maaie en july en in lechsel bestiet út trije oant fiif blaugriene aaien.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje groeit. Op basis dêrfan klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC, 2016).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Piranga Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika