De oerjierske kowetonge ek wol griene kowetonge (Pentaglottis sempervirens, synonym: Anchusa sempervirens L.) wurdt yn Nederlân rekkene ta de stinzeplanten. Hy liket sa tusken 1900 en 1924 yn Nederlân kaam te wêzen en goed yn it stinzemiljeu te passen. Mar al yn 1594 wurdt er hjir as sierplant beskreaun. De plant is benammen lânseigen op it Ibearysk Skiereilân. It begryp oerjierrich hat gauris in negatyf lûd, mar krekt yn de floara net. Dêr betsjut it dat in plant him yn dy kontreien yn 'e winter hanthavenje kin.

Skaaimerken De stâle en it blêd binne behierre. It blêd dat altiten grien bliuwt (Sempervirens), fielt oan as in kowetonge of lykas de noch Fryskere namme hawwe wol in oksebyt. De rozetblêden binne spikkele mei wite flekjes, mar net sa folle as by it longkrûd. De strûs mei lytse blauwe blomkes sit oan in keal stâltsje dat út de blêdhoeke wei komt. Pentaglottis betsjut "mei fiif tongen" en dan giet it oer de fiif tsjelkblêden dy't nei bûten steane. De plant makket in tsjokke pinwoartel oan, dy't wol brûkt wurdt om der pearse of bordeauxreade kleurstof út te heljen.

Fersprieding De plant wurdt troch fûgels dy't de nútsjes/siedsjes meinimme, ferspraat. Op 'e koartere ôfstân is der fersprieding troch eamelders dy't gek binne op 'e nútsjes, om't der in soarte fan suertsje foar harren oan sit. It is de iennige Pentaglottis soarte dy't yn Nederlân yn it wyld foarkomt.

Kategory:Plantesoarte Kategory:Rûchblêd Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Itaalje