Lemuel Clarence (Bud) Houser (Winigan, 25 septimber 1901 - Gardena, 1 oktober 1994) wie in Amerikaansk diskuswerper en kûgelstjitter.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys twafâldich Olympysk kampioen hy wûn op 8 july it kûgelstjitten mei in ôfstân fan 14,995 meter en in wike letter op 13 july wûn er ek it diskuswerpen mei in Olympysk rekôr fan 46,155 meter. fjouwer jier letter yn Amsterdam wist er syn Olympyske titel by it diskuswerpen te prolongearjen en ferbettere syn Olympysk rekôr nei 47,32 meter.
Houser wie nei syn ôfstudearjen wurksum as toskedokter Bud Houser ferstoar op 1 oktober 1994, yn 'e âldens fan 93 jier.
Kategory:Amerikaansk kûgelstjitter Kategory:Amerikaansk diskuswerper Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk toskedokter Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1994