Willy Falck Hansen (Helsingør, 4 april 1906 - Brașov Roemeenje, 18 maart 1978) wie in Deensk baanhurdfytser.
Hy die meardere kearen mei oan de Wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen, en twa kear oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924 en 1928). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen ien kear by de amateurs en ien kear by de profs, en ien kear Olympysk kampioen.
Nei it ein fan syn sportkarriêre gie Hansen by in reisburo oan it wurk, Willy Falck Hansen ferstoar op 18 maart 1978, yn 'e âldens fan 71 jier, wylst er foar syn wurk yn Roemeenje wie.
Kategory:Deensk baanhurdfytser Kategory:Deensk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1978