Roger Joseph Edmond Beaufrand (Parys, 25 septimber 1908 - Béziers, 14 maart 2007) wie in Frânske baanhurdfytser.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de sprint.

De lêste jierren fan syn libben wie er de âldste noch libjende Olympysk kampioen. Yn dy hoedanichheid folge er de Pakistaanske hockeyspiler Feroze Khan op. Roger Beaufrand ferstoar op 14 maart 2007, yn 'e âldens fan 98 jier.

Kategory:Frânsk baanhurdfytser Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 2007