Bernardus Petrus (Bernard) Leene (De Haach, 15 febrewaris 1903 - Amstelfean, 24 novimber 1988) wie in Nederlânsk baanhurdfytser.
Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Amsterdam mei Daan van Dijk Olympysk kampioen op de tandem, acht jier letter yn Berlyn wûn hy tegearre mei Henk Ooms in sulveren medalje op itselde ûnderdiel.
Bernard Leene ferstoar op 24 novimber 1988, yn 'e âldens fan 85 jier.
Kategory:Nederlânsk baanhurdfytser Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1988