thumb|Yngong by de Keninklike Biblioteek It RKD-Nederlânsk Ynstitút foar Keunstskiednis (RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis, RKD) is in kennisynstitút foar de byldzjende keunsten fan de Nederlannen yn ynternasjonale kontekst. It RKD (Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje) is oprjochte yn 1932, fêstige yn De Haach, en heart ta de wichtichste keunsthistoaryske kennisynstituten fan de wrâld. It sammeljen, behearen en beskikber stellen is de kearntaak fan it ynstitút.

Kolleksje en taken De samling fan it RKD is ûnder oare ûntstien út donaasjes fan de samlers Frits Lugt en Cornelis Hofstede de Groot. De kearnkolleksje omfettet in byldkolleksje, argiven en (parse)dokumintaasjes, in mânske biblioteek en in útdijende digitale kolleksje op neamd kennisgebiet. De biblioteek befettet sa'n 475.000 bannen, wêrfan sa'n 180.000 feilingkatalogy, sa'n 4.100 tydskriften, wêrûnder sa'n 600 rinnende periodiken.

It RKD beheart fierder de Nederlânske ferzje fan de Art & Architecture Thesaurus, in tesaurus mei oardere terminology foar de beskriuwing en ûntsluting fan ynformaasje op it mêd fan keunst en arsjitektuer. De oarspronklike ferzje is in inisjatyf fan it Getty Research Institute yn Los Angeles.

Organisaasje It RKD is fêstige yn it gebouwekompleks fan de Keninklike Biblioteek en it Nasjonaal Argyf. Fan 1990 oant 2012 wie Rudi Ekkart direkteur fan it RKD. Ein 2012 waard er opfolge troch Chris Stolwijk. De twatalige webside www.rkd.nl hat in sykfunksje, dêr't keunsthistoaryske ynformaasje mei opfrege wurde kin.

Keppelingen om utens RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis Nederlânske ferzje fan de Art and Architecture Thesaurus

Kategory:Oerheid fan Nederlân Kategory:Keunstskiednis Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1932