De Mariamûne is in houten nôtmûne yn Haps yn 'e Noard-Brabânske gemeente Lân fan Cuijk. De seiskante wynmûne waard yn 1820 (en net yn 1802 lykas lang tocht waard) as muonts boud en yn 1859 mei 3 m ferhege en omboud ta bultmûne. De Mariamûne bleau oant 1969 yn bedriuw en waard doe oan 'e doetiidske gemeente Haps ferkocht. De lêste partikuliere eigner bleau noch oant 1999 mûnder. Nei de gemeentlike weryndieling waard de mûne oerdroegen oan 'e gemeente Cuijk, en letter oan 'e hjoeddeiske gemeente Lân fan Cuijk. Oars as faak tocht wurdt, is de mûne net ferneamd nei de Jongfaam Marije.
Beskriuwing De mûne is ien fan 'e seldsume seiskante mûnen yn Europa. De measte houten mûnen binne achtkanten. De wjukken ha sûnt 2024 wer it systeem Van Bussel mei automatyske noasremkleppen, lykas dat ek sa fan 1949 oant 1972 wie. De fang is in Flaamske blokfang mei fangtrommel. De kape wurdt mei in Ingelsk kruiwurk mei kruilier kruid. Foar it meallen fan nôt binne twa koppel keunststiennen oanwêzich. De sekken nôt wurde mei in sleepluiwurk nei boppe takele.
Tusken 1972 en 2024 wiene de kape en de romp mei laaistien dutsen. Hjoed-de-dei is de kape mei daklear dutsen. Fan it seiskant binne de trije súdwestlike fjilden horizontaal mei planken en de trije noardeastlike fjilden fertikaal mei planken betimmere. De hoekstilen fan it seiskant ha bôge metalen platen om it rotsjen op te kearen. Yn 'e midden binne dy net skildere, sadat der glinsterjende streken ûntsteane. Dat is in rekonstruksjes fan 'e sitewaasje tusken 1949 en 1972.
De mûne is te besjen as de mûne draaid en op ôfspraak.
Keppeling om utens Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne) Feriening De Hollânske Mûne
Kategory:Haps Kategory:Mole yn Noard-Brabân Kategory:Bouwurk yn Lân fan Cuijk Kategory:Bouwurk út 1820 Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Bultmole Kategory:Nôtmole