De Hembrug wie in spoarbrêge oer it Noardseekanaal en lei yn de Steatsline K, tusken Amsterdam en De Helder.

Skiednis Brêge I Yn 1867 waard nei lang ûnderhanneljen besletten oer it te graven Noardseekanaal tusken Amsterdam en Saandam in spoarbrêge te bouwen. De bou duorre fan 1870-1875 en de draaibrêge waard tagelyk mei de iepening fan de Steatsline K yn gebrûk naam yn 1878. Dizze brêge hie krekt as de earste Velserspoorbrug in trochfeartbreedte fan 19 meter en trochfearthichte fan 4 meter. De brêge koste 600.000 gûne en wie ferneamd nei de buert Den Hem. De brêge bestie út twa fêste parten en in draaiber middenpart. De brêgewippers beskikten oan beide kanten fan de brêge oer tsjinstwenten. De brêge stie meastentiids iepen om't der mear skipfeartferkear as treinferkear wie en de brêge foar de skipfeart in beheining wie.

Brêge 2 Troch de taname fan it skipfeartferkear waard ferbreding fan it kanaal needsaaklik, en dêrmei ek in nije, gruttere en hegere draaibrêge. Dy waard boud tusken 1903 en 1907. In lange oanrin op in dyk wie nedich om it hichteferskil mei in net te grutte helling te oerwinnen. De nije draaibrêge waard ûntwurpen troch yngenieur J.W.Th. van Schaik en waard boud troch Dútske bedriuwen. De trochfearthichte yn sletten stân wie 11 meter, de trochfeartbreedte 55 meter. It beweechbere part fan de brêge wie 127,9 meter lang en de twa fêste dielen elk 68,2 meter. De brêge koe yn twa minuten folslein iepene wurde.

Twadde Wrâldkriich Tsjin de ein fan de Twadde Wrâldkriich hat de Dútske besetter besocht de brêge op te blazen mei eksplosiven. Om dat foar te kommen swommen yn de nacht fan 26 op 27 septimber 1944 twa fersetslju, Jaap Boll en Remmert Aten, nei de middenpylder fan de brêge; dêr't de Dútsers 400 doazen mei elk 3 kilo eksplosiven oanbrocht hiene mei de bedoeling de brêge diels iepen te draaien en dan ûntploffe te litten. Nei in pear oeren wiene de eksplosiven ta sinken brocht. Letter kaam wat ferpakkingsmateriaal boppedriuwen wêrtroch't de Dútsers it ûntdutsen. Se brochten opnij eksplosiven oan, wêrnei't Aten der wer hinne swommen is. De Dútsers hawwe pas nei de kriich heard dat de fersetslju gjin gebrûk fan in boatsje makke hiene. De brêge is as ien fan de pear spoarbrêgen sûnder skea de Twadde Wrâldkriich trochkaam.

Oanfarringen Twa kear waard de Hembrug ûntwjochte troch in botsing fan in út'e koers rekke skip; sokke oanfarringen, mar dan meastentiids sûnder slimme skea, kamen wol faker foar. Nei de lêste grutte botsing, troch it Amerikaanske kraanskip Choctaw II, op 20 oktober 1974, bleau de brêge ek nei werstel in lichte kromming fertoanen. En hoewol't der al sûnt de jierren 1920 sprake wie fan ferfanging troch in tunnel, waard pas nei dat lêste botsing de absolute needsaak ûnderkend de brêge ferfongen, om't dy dúdlik in hieltyd grutter obstakel waard foar it groeiende skipfeart- en spoarweiferkear.

Sloop Dêrom waard as ferfanging de Hemtunnel boud, dy't yn 1983 yn gebrûk naam waard. De lêste treinrit oer de Himbrêge waard makke op 27 maaie fan dat jier. Nei't de brêge in skoft net brûkt iepen stie, waard mei de definitive sloop derfan yn it neijier fan 1983 in begjin makke. Dy ôfbraak is fasearre en oer in romme tiidspanne útfierd. Hoewol't it stiel binnen in moanne fuorthelle wie, waarden de brêgepylders pas yn de maitiid fan 1985 opblaasd. Oare ûnderdielen binne sels noch langer bewarre bleaun. Sa waard it grutste part fan de dyklichems net earder as oan de ein fan de jierren 80 ôfgroeven. In lântonge oan de Amsterdamske kant dêr't lâns it talúd in dyk lei waard fan syn asfalt ûntdien, mar waard pas yn de maitiid fan 2008 fuort helle.

Kategory:Brêge yn Noard-Hollân Kategory:Earder bouwurk yn Noard-Hollân Kategory:Bouwurk út 1875 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1903 Kategory:Bouwurk út 1907 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1983