Henry Hansen (Kopenhagen, 16 maart 1902 - Gentofte, 28 maart 1985) wie in Deensk hurdfytser.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen op de yndividuele tiidrit mei in tiid fan 4:47:18, de tiidrit gie oer in ôfstân fan 168 kilometer. Troch de goede prestaasjes fan syn lângenoaten Leo Nielsen en Orla Jørgensen yn dyselde yndividuele tiidrit wûn de Deenske ploech ek it ploegeklassemint. fjouwer jier letter yn Los Angeles wûn hy mei it Deenske team it sulver yn it ploegeklassemint. Henry Hansen ferstoar op 28 maart 1985, yn 'e âldens fan 83 jier.
Kategory:Deensk hurdfytser Kategory:Deensk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 1985