Sessenbach is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De gemeente leit yn 'e Westerwaldkreis en makket diel út fan 'e ferbânsgemeente Ransbach-Baumbach.

Geografy Sessenbach leit yn it Westerwald, in middenberchtme tusken Koblenz en Siegen, yn in regio dy't bekend stiet as it Kannenbäckerland en ferneamd is om 'e keramykyndustry. Troch de gemeente streamt de Sessenbach.

Skiednis Ut argeologyske fynsten kin opmakke wurde dat it gebiet sûnt 1200-800 f.Kr. bewenne wurdt. De earste fermelding fan it plak datearret fan 1220 as Sinßinbach.

It besjen wurdich In opfallende attraksje yn Sessenbach is it Planetarium en de Stjerrewacht Sessenbach.

Keppeling om utens Stjerrewacht Sessenbach

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts